Springe nei ynhâld

Kremlyn fan Tûla

Ut Wikipedy
Loftôbyld fan it kremlyn fan Tûla

It Kremlyn fan Tûla (Russysk: Тульский кремль) is de 16e-iuwsk monumint fan federale betsjutting yn de Russyske stêd Tûla.

It yn de jierren 1514-1520 boude kremlyn hat 12,7 meter hege muorren mei in dikte fan 2,8 oant 3,2 meter, de muorren dy't it rjochthoekige terrein omfiemje hawwe meiïnoar in lingte fan 1066 meter. Der binne njoggen tuorren, wêrfan't fjouwer ek as poarte tsjinje. It grûngebiet fan it kremlyn beslacht 6 hektare, dêr't in museumgebou en twa katedralen (de Untsliepeniskatedraal en de Epifanykatedraal) steane. Sûnt 2010 is it kremlynkompleks restaurearre en opkreazge. By dy restauraasje waard ek de yn 1936 ferneatige toer fan de Untsliepeniskatedraal werboud. De kantelen fan de muorren lykje op dy fan de kremlynmuorre fan Moskou.

Nei't Tûla ûnder grutfoarst Ivan de Grutte by it Grutfoarstendom Moskou foege waard, joech Vasili Ivanovitsj yn 1507 opdracht om op de lofter kant fan de Upa in iken fêsting te bouwen, dy't yn 1509 foltôge wie. Yn 1514 folge de opdracht foar de bou fan in stiennen kremlyn.

Wylst Ivan de Grousume mei syn leger tsjin Kazan focht, belegere Krim-kahn Devlet I Gerai Tûla. Oant de fersterkings út Kolomna kamen om de stêd te ûntsetten, moasten de bewenners sels mei helpe de stêd te ferdigenjen.

Yn 1607 waard it kremlyn foar in skoft beset troch de rebellenlieder Ivan Bolotnikov, oarspronklik in út de liifeigenskip flechte kosak, dy't miende foar tsarevitsj Dmitri Ivanovitsj te fjochtsjen. Tsaar Vasili IV slagge der lang om let de opskuor del te slaan mei it plan om in daam yn de Upa oan te lizzen, sadat it kremlyn der ûnder strûpte. Ta neitins oan dy slûchslimme set waard yn 1953 in obeliks oprjochte.

Mei it útwreidzjen fan it ryk rekke Tûla syn strategyske posysje as grinsstêd kwyt en sa ek de ferdigeningsfunksje fan de fêsting. Tsjintwurdich is it in wichtich monumint fan de stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tulaer Kreml