Springe nei ynhâld

Upa (rivier)

Ut Wikipedy
Upa (rivier)
Rin fan de Upa (Упа́) yn it streamgebiet fan de Oka
Rin fan de Upa (Упа́) yn it streamgebiet fan de Oka
geografy
lân Ruslân
ûntspringt yn Middenrussyske heechflakte
lokaasje boarne by it doarp Wolowo
mûnet út yn Oka
sifers
lingte 345 km
hichte boarne 123 m
ôfwetteringsgeb. 9.510 km²
ôffier (mûning) 35 m³/s (89 km fan de mûning ôf)

De Upa (Russysk: Упа́, útspr.: "ûpa") is in rivier yn de oblast Tûla yn Ruslân en ien fan de wichtichste sydrivieren fan de Oka. De lingte is 345 kilometer. Lâns de rivier lizze twa stêden: Sovjetsk en Tûla.

De Upa wurdt benammen fuorre troch teiwetter en befriest fan begjin desimber oant begjin april.

De namme fan de rivier is fan Baltyske oarsprong. It is nei alle gedachten ien fan de âldste Baltyske hydronimen. It Litouske wurd "upa", it Letske wurd "upe" betsjut 'rivier'. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. E.M. Pospelov, Geograficheskie nazvaniya mira (Moskou: Russkie slovari, 1998), s. 423: "cf. Lithuanian ùpė, upìs, upỹs, Latvian upe 'river, stream.'"