Floarus- en Laurustsjerke (Tûla)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Floarus- en Laurustsjerke

Всехсвятский собор

Тула, ул.Мосина , 17 Церковь Флора и Лавра вид с ул Мосина.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Tula Oblast.svg Tûla
plak Flag of Tula.png Tûla
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1772-1796
boustyl Barok

De Floarus- en Laurustsjerke (Russysk: Церковь Флора и Лавра) is in otterdoksk tsjerkegebou yn Tûla, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De parochy fan de oarspronklik houten tsjerke út de 17e iuw bestie benammen út wapenmasters en hie twa kapellen: ien dy't wijd wie oan de martlers Floarus en Laurus en ien ta eare fan Kosmas en Damianus.

Yn it begjin fan de 18e iuw waard op it plak fan de houten tsjerke in stiennen tsjerke mei itselde patrosinium boud. Op 'en doer rekke de tsjerke wat te lyts foar it tal parochianen en sa waard it beslút nommen de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. De earste stien waard lein yn 1772 en de konsekraasje wie yn 1796. In hege klokketoer fan fjouwer ferdjippings waard yn 1830 njonken de tsjerke boud.

De tsjerke noch mei de net mear besteande toer.

De tsjerke waard yn de Sovjet-tiid sletten en de klokketoer ôfbrutsen. Yn de jierren 1990 krige it bisdom de tsjerke werom en waard der útein set mei it opknappen fan it gebou.

Yn de tsjerke wurde twa ikoanen bewarre, ien fan it Feodorovskaja Ikoan fan de Mem Gods en ien fan de Teotokos fan Bogoljubovo. De ikoanen wurde fereare en binne ferneamd fanwegen genêzings tidens de pest yn 1771.

De tsjerke hat in sneinsskoale, in bibleteek en de oan de tsjerke ferbûne geastliken binne aktyf yn de missy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]