Springe nei ynhâld

Untsliepeniskatedraal (Tûla)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal

Успенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tûla
plak Tûla
koördinaten 54° 11' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt E.V. Skavronski
boujier 1898-1902
boustyl Russysk-byzantynske styl
monumintale status Kultureel monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 7110023000
Webside
De katedraal op de side fan it bisdom
Kaart
Untsliepeniskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Untsliepeniskatedraal

De Katedraal fan de Untsliepenis fan 'e Mem Gods (Russysk Успенский собор; Uspenski sobor) is in otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Tûla. De tusken 1898 en 1902 boude katedraal wie oant 1917 de katolikon fan it kleaster mei deselde namme en stiet fuort by it kremlyn fan Tûla. De Untsliepeniskatedraal moat net betiizge wurde mei de Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn.

Ynterieur.

Op it plak fan 'e tsjintwurdige Untsliepeniskatedraal waard yn 'e 18e iuw in kleaster mei in stiennen tsjerke boud. De tsjerke waard yn 'e jierren 1791-1792 troch nijbou ferfongen, mar wie al yn 1857 yn in minne steat doe't der in útwreiding plak fûn. It ferfal gyng no noch hurder en lang om let moast dy tsjerke wike foar de hjoeddeiske Untsliepeniskatedraal.

De bou fan 'e nije katedraal duorre fjouwer jier en wie op 24 oktober 1902 ree. Yn 1909 waard de katedraal binnen mar diels ek bûten beskildere.

Mei't de bolsjewiken oan 'e macht kamen, kaam der in ein oan it kleaster en waard de katedraal sletten. Yn 1930 waard besocht de katedraal op te blazen, mar dat slagge net want it die bliken dat it gebou te sterk wie. Dêrnei waard in diel fan 'e regionale oerheidsargiven yn 'e katedraal opslein.

Oan 'e ein fan 'e jierren 1980 fûn der in restauraasje plak. De koepels waarden wer op 'e nij ynstallearre en it fûnemint fan 'e katedraal ferstevige.

Op 8 septimber 2006 krige de otterdokse mienskip de katedraal werom. De benedentsjerke waard op 24 jannewaris 2007 ynwijd en op 10 maaie 2012 folge nei de foltôging fan de restauraasje de wijing de boppetsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Тула)