Toefseepappegaai
toefseepappegaai | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Fratercula cirrhata | ||||||||||||
Pallas, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
De toefseepappegaai (Fratercula cirrhata) is in 30 sm grutte fûgel út de famylje fan de alkfûgels. De fearren binne it meast swart mei in wyt gesichtsmasker mei in hiel lange snaffel. De giele toefhierren dy't dizze fûgel syn namme jouwe hat er allinich mar yn de briedtiid.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toefseepappegaai libbet yn it noardlik part fan de Pasifyske Oseaan, fan it arktysk gebiet oant Kalifornje.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels dûke yn de see nei fisk. Folwoeksen fûgels ite ek wol kreeften en oare seedieren. It iten sykje se faak fier fan de nêstlokaasjes en yn de winter ferbliuwe se op de iepen see. Sy libje yn in sosjaal ferbân en fiskje faak yn kloften fan 10 oant 25 dieren.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedgebieten lizze op isolearre eilannen en dêr komme wol 25.000 briedpearen foar. It nêst is meast in simpel kûltsje dat se mei harren snaffel of poaten meitsje en dat beklaaid wurdt mei plantedielen en fearren. It wyfke leit meast yn juny ien aai dat troch beide âlden sa'n 45 bebret wurdt. Neidat it jong út it aai kaam is, duorret it noch sa'n 40 oant 55 dagen foardat it útfleant.