Tjaardaflats
Tjaardaflats | ||
bouwurk | ||
De Tjaardaflats mei 'Monument voor Toekomstig Geluk' (2020) | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Flat, appartemintegebou | |
boujier | 1970 | |
arsjitekt | Van den Broek en Bakema | |
boustyl | Funksjonalisme | |
oare ynformaasje | ||
tal ferdjippings | 13 |
De Tjaardaflats binne trije markante wenflats fan trettjin ferdjippingen yn Drachten, gemeente Smellingerlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de enoarme groei fan Drachten fan de jierren fyftich ôf yn goede banen te lieden, skeakele de gemeente Smellingerlân de arsjitekten Van den Broek en Bakema yn dy't bekend wiene fan harren weropbou-arsjitektuer yn Rotterdam, Dy rjochten de winkel- en fuotgongersgebieten fan de Kaden, it Mûnein, de Noard- en Suderbuert yn nei foarbyld fan de Lijnbaan yn Rotterdam.
Om Drachten in stedsker oansjen te jaan, ûntwurpen sy ek de Tjaardaflats dy't yn 1970 oan de eastlike râne fan Drachten by it Oerterper Fallaat boud waarden. De trije flatgebouwen krigen de nammen 'de Stins', 'de Pleats' en 'de State'. De strjitnamme Tjaarda ferwiist nei de eardere Tjaarda State dy't ea yn Rinsumageast stie. In soad strjitten yn de wyk De Wiken-East dêr't de flats steane ferwize nei (eardere) stinzen, states en bûtenpleatsen yn Fryslân.
IT wie de bedoeling dat jonge pearkes der harren earste wenning fine soene en der mei harren bern in libbene wyk fan meitsje soene, mar de praktyk wie wjerstribbiger. It ferrin wie heech en de sosjale koheezje leech. Troch op 'e nij omtinken feroare dat geandewei en de lykflierse apparteminten yn de Tjaardaflats blieken paradoksaal genôch krekt foar senioaren oantreklik te wêzen. De flats binne boud as sosjale hierwenten, mar oan de ein fan de jierren 90 waard besletten de frijkommen hierflats te ferkeapjen.
Yn 1993 joech wenningbouferiening Talma oan ûntwerper Henk Lampe de opdracht om de kleuren te betinken foar de kezinen, doarren en ruten foar de renovaasje fan de Tjaardaflats. Ek ûntwurp Lampe de trije hoekige lufels mei brievebussen. De kopgevels waarden isolearre en de waarmte-isolaasjelaach ôfwurke mei laaistien. Foar elk fan de trije flats ûntwurp Lampe in unyk patroan en kleur foar de laaien, sadat se in eigen identiteit krigen. Dat wie benammen wichtich om de anonimiteit fan de searjebou te trochbrekken.
Monumint foar Takomstich Lok
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As earste fan de fjouwer stedsmarkearringen fan Drachten waard ein 2018 by de tagongsdyk oan de eastkant fan Drachten it 'Monument voor Toekomstig Geluk' ûntbleate. Keunstner Frank Koolen liet him ynspirearje troch de jierren 60 doe't de Tjaardaflats ûntwurpen waarden. Op syk nei in tiidleas byld dat it foarútgongsleauwe fan de jierren 60 útdrukt, besleat Koolen om de flatbewenners in raket te jaan om te ferwizen nei de earste minske op de moanne (Neil Armstrong) as wichtich symboal foar it leauwen yn in bettere takomst. Ynspirearre troch de bernlike humor fan Dada, in keunststreaming mei in bysûndere skiednis yn Drachten, wurke Koolen gear mei syn doe sânjierrige dochter oan it ûntwerp.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tjaardaflats fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|