Springe nei ynhâld

Oerterper Fallaat

Ut Wikipedy
Oerterper Fallaat yn 2012
Oerterper Fallaat mei de Tjaardaflats op de eftergrûn (2020)

Oerterper Fallaat is in earder buorskip by de eardere fallaat yn de Drachtster Feart, mar no is it in strjitte yn eastlik Drachten.

Yndertiid hearde de buorskip by de gemeente Opsterlân en lei er yn 'e himrik fan Oerterp. In part fan de buorskip lei op it plak fan it hjoeddeiske klaverblêd fan autodiken; it oare part bestiet noch. De namme komt ek foar as Ureterper Verlaat en Vallaat.

Fanwegen it ôfgraven fan it heechfeangebiet foar de winning fan turf yn de omkriten fan Oerterp, wienen fearten en wiken nedich om de turf mei skûtsjes en preamen te ferfieren. Fia dy dwerswiken waard de turf nei de grutte fearten ferfierd, lykas de Langewyk en de Drachtster Kompanjonsfeart. Fanwegen it hichteferskil yn it lânskip (Bakkefean en Oerterp lizze heger as Drachten) wiene der slûzen (fallaten) nedich. Meidat de skippers by dy fallaten faak lang wachtsje moasten ear't se skut wurde koene en dêrnei fierder te farren, kamen minsken op it idee om by de fallaten in hanneltsje op te setten. Dat hie wer fan gefolgen dat minsken (de keaplju, winkellju, skippers) harren dêr nei wenjen te setten. Sadwaande ûntstiene lytse buorskippen by de measte fallaten.
De earste bewenners by it Oerterper Fallaat, om 1660-1669, wiene de turfmakkers en oare lju dy't yn de ferfeanting oan it wurk wiene.

Yn it begjin fan de 20e iuw festigen har mear bedriuwen by it Oerterper Fallaat. Der wie in boekweetmealderij, in aaihannel, winkellju, in bakkerij, in bûterfabrykje, in timmerwinkel en in kafee. Ek wie der in skoaltsje, mar dy waard al nei 15 jier troch de gemeente sletten.[1]

Sûnt 2017 binne teminsten fiif wenten oan it Oerterper Fallaat opnommen yn de list fan gemeentlike monuminten yn Smellingerlân. Dy gebouwen binne fan kultuerhistoaryske wearde en fan stedenbouwkundig belang wat útstrieling, lizzing en skiednis oanbelanget. Oerterper Fallaat leit ynklamme tusken in wenwyk, kantoarepark en de autodiken súdeast fan Drachten. De oanwizing ta monumint moast tefoaren komme dat ek it oerbleaune part fan it Oerterper Fallaat ferlern gean soe. [2] Anno 2021 steane der acht huzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: