Springe nei ynhâld

Tineke Steenmeijer-Wielenga

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tineke Steenmeijer)
Tineke Steenmeijer-Wielenga mei har man Frâns

Trijntje Johanna Wielenga, letter Tineke Steenmeijer-Wielenga (Assen, 12 juny 1946) is in konservator, learares en Fryske skriuwster.

Sy groeide op yn Dordrecht. Yn 1964 begûn se mei de stúdzje Nederlânsk oan de universiteit fan Utert mei Frysk as byfak. Nei it kandidaats Nederlânsk gie se fierder mei Fryske taal en letterkunde. Har doktoraal helle se yn 1970 mei de literatuerskiednis as wichtichste fak.

Foar har doktoraal-skripsje Ds. J.S. Bakker en het Westterschellingers oer it West-Skylger dialekt krige se yn 1970 de Lutine-priis. Rillegau joech se kursussen Frysk foar net-Frysktaligen by de Afûk en waard se frijwillichster by it FLMD yn Ljouwert. Yn 1986 folge se Freark Dam op as konservator (letter direkteur) fan it ynstitút en bleau dat oant 2003. Nei har ôfskie ferhuze it echtpear Steenmeijer nei it Frânske Vensac.

As dichterresse debutearre hja mei de bondel Toudûnsje. Se besoarge de útjeften fan it Samle Wurk fan Fedde Schurer, Obe Postma, Piter Jelles Troelstra en Sjoerd Spanninga. By de útjeften it samle fersewurk fan Sjoerd Spanninga, Tiny Mulder en Tsjits Peanstra hat se de ynlieding skreaun. Se rekke yn it FLMD boeid troch it libben fan sosjalistyske foaroanman en dichter Piter Jelles Troelstra en syn frou Sjoukje Bokma de Boer (Nynke van Hichtum). Steenmeijer fielde har mei dêrtroch tige belutsen by libben en wurk fan it echtpear Troelstra. Dêrom sette se begjin jierren njoggentich útein mei it skriuwen fan de roman De oare helte oer Nynke van Hichtum. (1997, oersetting 1999). Filmer Pieter Verhoeff brûkte it boek yn 2001 mei as útgongspunt foar syn film oer Nynke van Hichtum (2001). Se krige hjirfoar yn 2002 de Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert.

Tegearre mei har man, Frans Steenmeijer skreau se yn 2001 de speurdersroman Moard yn it Provinsjehûs (2001). Frans Steenmeijer wie deputearre fan de provinsje Fryslân (1981 - 1987) en hold sadwaande in soad ta yn it provinsjehûs. Letter folgen Moord in Slot Zeist en Moord bij het hunebed, ek mei speurder Deschesne yn de haadrol.

Mei Baukje Wytsma stalde se it boek, Leave deade gear yn 2003. Yn de bondel binne hûndert fersen opnommen fan Fryske dichters oer de dea.

Steenmeijer wie redaksjelid fan de Spiegel van de Friese Poëzie (1994) en fan de yn 2004 ferskynde Hollânsktalige standert útjefte oer de Fryske literatuer, Zolang de wind van de wolken waait : geschiedenis van de Friese literatuur. Se skreau dêryn it haadstik: ‘Meer literatuur voor mensen. Van 1822 tot 1915’.[1] Ek wurke hja mei oan de gearstalling fan de skriuwersprinteboeken oer Douwe Tamminga (1989), Obe Postma (1997) en de werútjefte fan it dieltsje oer Gysbert Japiks (2003).

  • In mylpeal : Tineke J. Steenmeijer-Wielenga 25 jier by it FLMD (1997)
  • Toudûnsje (poezij, 1983)
  • De oare helte: Nynke van Hichtum, de frou fan Piter Jelles (proaza, 1997)
  • Moard yn it Provinsjehûs (mei Frans Steenmeijer, 1999)
  • Moord in slot Zeist (mei Frans Steenmeijer, 2001)
  • Moord bij het hunebed (mei Frans Steenmeijer, 2004)
  • Eigen waarde : herinneringen van Nynke van Hichtum (oersetting De oare helte, 2000)
  • Moord in het proviciehuis (oersetting fan Moard yn it Provinsjehûs, 2001)
  • In feestlift foar It Fryske Boek (2009)
  • Moard yn ’e Médoc (mei Frans Steenmeijer, 2010)
  • Lutine-priis fan de gemeente Skylge foar de skripsje Ds. J.S. Bakker en het Westterschellingers (1970)
  • Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert foar De oare helte: Nynke van Hichtum, de frou fan Piter Jelles (2002)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Oppewal, Teake, e.a. (red) (2006) Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur. Amsterdam: Bert Bakker. (ISBN 90-351-3017-0)