Springe nei ynhâld

Lutinepriis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lutine-priis)

De Lutinepriis is in Skylgerske kultuerpriis foar publikaasjes. Dat kinne histoaryske, sosjologyske, ekonomyske, taalkundige, biologyske of psycholo­gyske publikaasjes wêze.[1]

Waard yn 1970 ynsteld troch de gemeenterie, yn it earstoan bedoeld om de twa jier út te rikken oan dejinge dy't publikaasjes yn dy perioade oer Skylge útwreide hat. De priis bedroech doe f 500,-, wylst de winner in kopy fan in goudstêf fan de Lutine krijt. In sjuery draacht de bekroande foar.

Yn 1970 krige C. Roggen út Amsterdam de Lutinepriis, yn 1973 Jo Smit út Hilfertsom en yn 1974 P. Dekker út Schipsluiden.

  • 1970 - C. Roggen / Amsterdam; artikels yn de "Miedbringer" oer "Borrebjeer"
  • 1971 - kaam net yn oanmerking omt it in 2-jierlikse priis wie. Yn 1973 is dat in ienjierrige priis wurden.
  • 1972 - Gerrit Smit / Grins (13-11-73); proefskrift "De agrarische-maritieme structuur van Terschelling omstreeks het midden van de 19de eeuw"
  • 1973 - Jo Smit / Skylge; boekwurk "Terschellinger getij"
  • 1974 - P. Dekker / Schipluiden; wurk oer de âlde wâlfiskfeart, yn it bysûnder foar safier it betrekking hat op Skylge
  • 1975 - G.J.M. Visser / Skylge; wurk "Chemische samenstelling flora en fauna van binnendijks water op Terschelling, speciaal met betrekking tot duinplassen"
  • 1976 - Tineke Steenmeijer-Wielinga / Easterwâlde; boekwurk "Ds J.S. Bakker en het Westerschellingers"
  • 1977 - G. Elzinga / Ljouwert; artikel "Vijf kerken op het Strieper kerkhof in het boekje Terschelling... "'t Striper Wyfke"
  • 1978 - D. Bos / Alkmaar; bydragen yn "Cornelis Douwes" en "de Miedbringer" yn de jierren 1975-1978, mei it aksint op de ferhanneling omtrint de âlde Eastseehannel fan de Skylgers.
  • 1979 - Jan A. Deodatus / Skylge-Hoarn; boekwurk "Terschelling.... Stoeppalen - Belicht in samenhang met die, die elders in Friesland voorkomen"
  • 1980 - Meindert Schroor / Ljouwert; skripsje "Welvaart bij de vleet" (Skylge en har romtlike relaasjes mei de kust- en hjerringfiskerijen fan de súdlike Noardsee - 1860 tot 1920)
  • 1981 - wegere troch bekroande; net ferliend oan in oar.
  • 1982 - L.C. Zonneveld / Eindhoven; artikels oer de liedklokken fan Skylge yn it tydskrift "Schylge myn Lântse" 1980 en 1981
  • 1983 - A.J. Zwaal / Amsterdam; publikaasjes tusken 1978 en 1983 yn de tydskriften "Schylge myn Lântse", "De Miedbringer" en "Cornelis Douwes"
  • 1984 - frou C.H.M. van Noord-Bos / Heiloo; Boekwurk "De nordenwyn is altyd kôd"
  • 1985 - net útrikt;
  • 1986 - frou C.C. Florschütz; ferslach fan doktoraal ûndersyk oer de Vaccinium macrocarponaiton (cranberry)
  • 1987 - net útrikt;
  • 1988 - frou N. Peeters-Stobbe; doktoraalskripsje "De Zeevaartschool en haar leerlingen 1875-1925"
  • 1989 - Iem Smit / Skylge;; publikaasjes û.o. yn "Op 'e Ried", "De Miedbringer", "Cornelis Douwes", "Schylge myn Lântse"
  • 1990 - net útrikt;
  • 1991 - net útrikt;
  • 1992 - redaksje en feriening: "Schylge myn Lândse"; aktiviteiten foar it tydskrift "Schylge myn Lândse"
  • 1993 - C. Swart sr. / Skylge; foto's fan en oer Skylge op kultuer-histoarysk mêd
  • 1994 - P.J. Zumkehr / Skylge; boekwurk "Dagvlinders van Terschelling "
  • 1995 - net útrikt;
  • 1996 - P. van Leunen / Skylge; op grûn fan skreaune haadstikken yn it boek "400 jaar Willem Barentsz" en de redaksjonele meiwurking dêryn.
  • 1997 - B. Boomstra / Skylge; boekwurk "Brandaris tot waarschouwinghe voorde Seeman" en lespakket "Willem Barents de Terschellinger ontdekkingsreiziger"
  • 1998 - W.J.J. Boot / Opperdoes; boekwurk "Schepen, Schelpen, Schuitengat"
  • 1999 - G.de Weerdt & B.Huiskes; boekwurk “De Lutine 1799- 1999. De raadselachtige ondergang van een schip vol goud”.
  • 2000 - P.Lautenbach / Skylge; meiwurking oan ferskate publikaasjes lykas "ijs en wederdienende", "100 jaar ijsclub Noordpool", "Reisgids voor Terschelling", "Guzjen, sleepboot Holland", "Haal op Gelijk", "HT-race" en ferskate artikels yn de Sjouw
  • 2001 - Net útrikt;
  • 2002 - Johan van der Wal / Harns; boekwurk “Zij zijn niet waarlijk dood...”. Skylger seelju yn de Twadde Wrâldoarloch.
  • 2003 - Jan Berghuis /Skylge; bydrage oan it boek "Hecht en Sterk. De bewerkte memoires van kapitein Jan Lassche". (yn gearwurking mei Piet van Leunen)
  • 2004 - Net útrikt;
  • 2005 - Teunis Schol/Skylge; grutte ynset en in soad aktiviteiten op it mêd fan skiednis en kultuer fan Skylge, en ek ferskate publikaasjes yn boekfoarm.
  • 2006 - Net útrikt;
  • 2007 - Arjen Kok/Mantgum; boekwurk “Aastermiede & Wachthuusplak”: Veldnamen op Terschelling in duin en polder.
  • 2008 - Renske Gorter en Anne Zorgdrager /Skylge; boekwurk “Boeren in Beeld”, portret fan agrarysk Skylge.
  • 2009 - Niet uitgereikt;
  • 2010 - Gerrit Bart Volgers/Skylge; boekwurken “Terschelling in vliegervlucht” en “Terschelling, kunst en vliegwerk”
  • 2011 - Net útrikt;
  • 2012 - Net útrikt;
  • 2013 - Ineke Noordhoff yn Midlaren; foar publisearre masterskripsje “Grazen in stuivende duinen”
  • 2014 - Jan Houter en Anne Doedens foar de wittenskiplike stúdzje “1666 De ramp van Vlieland en Terschelling”
  • 2015 - Net útrikt;
  • 2016 - Net útrikt;
  • 2017 - Joris Jan Hellevoort foar ferskynd boekwurk “De Droevigers – Familie van Sil de Strandjutter”
  • 2018 - Net útrikt;
  • 2019 - Arjen Bakker en Jan de Ruiter krigen de priis foar harren boek ‘Steken wij af naar dieper water. Gereformeerden op Terschelling’.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lutineprijs Terschelling