Timo Jepkema
Timo Jepkema (Lekkum, 16 novimber 1993) is in Fryske presintator en ferslachjouwer út Ljouwert.
Nei de hafû oan Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert fan 2011 oant 2015 studearre Jepkema Sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Waarman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2008 presintearre hy it wyklikse waarberjocht op jongereinstjoerder Froeks.TV. By syn lêste útstjoering yn 2012 op Froeks.TV wie ek syn learmaster Piet Paulusma.[1] Jepkema rûn staazje by Paulusma en wie foar him waarnimmer fan it waarstasjon yn Lekkum.[2] Syn wurk as waarman fan Froeks.TV kombinearre er sûnt 2010 mei syn wurk as waarman foar RTV Noordoost Friesland.
Ferslachjouwer en presintator
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 2010 oant 2013 wie er fuotbalferslachjouwer foar Radio Mercurius by de fuotbalwedstriden fan SC Cambuur. Dat lêste jier wie er ek ferslachjouwer op Froeks.TV oant hy yn 2013 sportferslachjouwer waard by Omrop Fryslân. Fan 2015 ôf die hy ek presintaasjewurk, ûnder oare by it nijsprogramma Fryslân Hjoed.[3]
Programma’s (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryslân Hjoed
- Fryslân DOK
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|