Froeks.TV

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Froeks.TV logo (2).jpg

Froeks.TV is in online stjoerder foar en troch jongerein yn Fryslân en Frysktalige jongerein bûten de provinsje. De side is yn 2008 opsetten mei subsydzje fan de provinsje Fryslân ta befoardering fan it brûken fan Frysk troch jongerein. De stjoerder wol middenyn de jongerein- en popkultuer stean. Dat kin allinnich om’t de stjoerder troch jongerein sels makke wurdt. Froeks.TV bringt yn byld wat jongerein belibje en sit op it snijflak fan jongereinkultuer, social networking en tillefyzje meitsjen. Op de stjoerder kin elkenien mei syn of har eigen kanaal út ein sette.

De jongereinredaksje fan Froeks.TV makket alle dagen fideo- en webloch/nijsitems. De redaksje siket alle dagen it nijs op, djippet tema’s út en makket sels folsleine searjes. Dêrnjonken kin elkenien syn eigen filmkes uploade. It makket net út oft it mei de fideokamera of mei in mobyltsje makke is. Op de webside binne neist filmkes en eveneminten as Fryslân's Next Top Model, ek de soap en de Fryske Flow te sjen.

Yn 2010 waarden der plannen bekend om de subsydzje stop te setten yn 2011.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skok foar Froeks: gjin subsydzje mear berjocht op It Nijs fan 23 oktober 2010