Tiger (skip út 2002)
Tiger | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skylge | |
eigner | Rederij Doeksen | |
skiednis | ||
werf | FBMA Marine Inc., Filipinen | |
kyllizzing | 6 febrewaris 1998 | |
tewetterlitting | 25 septimber 1999 | |
oplevere | 5 juny 2002 | |
yn de feart | 25 april 2008 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
subtype | Katamaran | |
lingte | 50 m. | |
breedte | 11,8 m. | |
djipgong | 1,4 m. | |
passazjiers | 414 | |
oandriuwing | 2x 16V MTU M61, 2x 2000 kW | |
maks. faasje | 32 knopen (58 km/o) | |
opmerkings | It skip hat yn 2002 ferskate nammen hân. |
De Tiger is in snelboat fan rederij Doeksen dy't in regelmjittige feartsjinst tusken Harns, Flylân en Skylge ûnderhâldt. De oerstek Harns-Skylge en Harns-Flylân duorje dêrmei 45 minuten. Mei de tradisjonele fearboaten duorret dit 2 oeren respektyflik 1,5 oere. De sneltsjinst Skylge-Flylân duorret 30 minuten.
It skip waard yn 2008 oan de float fan rederij Doeksen taheakke fanwegen de hieltyd gruttere fraach nei rap en lúkse ferfier fan en nei Flylân en Skylge. De Tiger en de Koegelwieck, de oare rappe katamaran, soargje tegearre foar de sneltsjinst nei Flylân en Skylge. De Tiger fart as haadboat, de Koegelwieck fart de ekstra tsjinsten en yn it gefal de Tiger foar ûnderhâld of fanwegen in steuring bûten tsjinst is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Supercat 2002
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1996 waarden troch in bedriuw út Hongkong tsien fan dizze skippen besteld by de FBMA Marine Inc. werf te Cebu, yn de Filipinen. Nei it útbrekken fan de Aziatyske finansjele krisis yn 1997 wurdt de oarder ôfsein, wylst der al twa fan de tsien skippen yn oanbou wiene. Yn 1999 waarden de twa skippen ôfboud en oplein by de werf. Yn 2002 waard it skip, as Supercat 2002, troch rederij Supercat Fast Ferries yn de feart brocht op ferbiningen fan Cebu nei de eilannen dêromhinne binnen de Visayas eilannegroep yn de Filipinen. De skippen foldiene kwa prestaasjes goed, mar waarden te grut befûn. Dêrop kaam it skip te keap te stean.
Tiger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]krekt nei de ferkeap fan de Najade yn 2004, kaam de fraach nei in ferfanging foar de Koegelwieck op. Yn 2006 waard nei iriskatamarans sjoen, mar dit gie net troch. Nijbou hie de foarkar, mar sjoen de folle oarderboeken fan de skipswerven soe dit ek noch in skoftke duorje kinne. Der wie gjin allinnichrjocht mear foar de feartsjinst, en mei konkurrinsje yn it foarútsjoch, waard besletten fierder te sjen op de twaddehânsk merk. De Supercat 2002, boud troch de FBMA Marine Inc. werf, dêr't ek de Vlieland boud wie, luts de oandacht fan de rederij. Yn april 2007 waard it skip oankocht, wêrop't it mei in swiere ladingskip nei Nederlân ferfierd waard. Op 15 juny waard it skip lost yn it Zuider-Stortemelk, wêrnei't it nei Harns sleept is.
Yn de moannen nei de oankomst yn Nederlân waard it skip yn eigen behear fan rederij Doeksen folslein ferboud. De âlde motoaren waarden ferfongen troch twa 16V MTU M61 motoaren fan elk 2000 kW (2720 pk). It skip is opnij spuite, yn de hússtyl fan Doeksen: in blauwe ûnderkant, trije blauwe streken diagonaal achterop, in seehûn foar it stjoerhûs. Boppedat binne de ruten fergrutte om mear ljocht troch te litten. Op 28 maart 2008 is it skip doopt troch steatssekretaris Tineke Huizinga. Op 17 april begûnen de proeffearten, wêrnei't de Tiger op 25 april de earste kear mei passazjiers fear. Dit wie in ôffeart nei Flylân, om't it oanlisplak op Skylge noch net geskikt wie foar de Tiger. In pear wike letter hat de Tiger ek de tsjinst nei Skylge oernaam fan de Koegelwieck.
Yn de iere moarn fan 21 oktober 2022 wie de Tiger yn it Schuitegat ûnder Skylge, belútsen by in slimme oanfarring mei wettertaksy Stormloper fan Rederij de Bazuin. De Tiger dy't fan skylge kaam hie op dat stuit njoggentjin passazjiers en seis bemanningsleden oan board. Oan board fan de Wettertaksy dy't fanút Harns ûnderweis wie nei Skylge, wiene acht minsken oanwêzich dy't by de oanfarring allegearre yn it wetter bedarren.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|