Vlieland (skip út 2005)
Vlieland | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skylge | |
eigner | Rederij Doeksen | |
skiednis | ||
werf | FBMA Marine Inc., Filipinen | |
kyllizzing | 20 desimber 2003 | |
tewetterlitting | 27 jannewaris 2005 | |
oplevere | 15 april 2005 | |
yn de feart | 20 july 2005 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | RoPax | |
lingte | 69 m. | |
breedte | 17 m. | |
djipgong | 2,6 m. | |
passazjiers | 1200 | |
oandriuwing | 4x Caterpillar 3508b dieselmotoren, 4x 640 kW | |
maks. faasje | 14 knopen (25 km/o) |
De Vlieland is in fearboat fan rederij Doeksen dy't in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Flylân. Yn septimber 2003 waard yn de Filipinen úteinset mei de bou, yn opdracht fan Rederij Doeksen. De Vlieland is op 27 jannewaris 2005 te wetter litten en doopt. Op 20 july 2005 waard de Vlieland yn tsjinst steld, ta ferfanging fan har foargonger: Oost-Vlieland. Fan maaie 2009 ôf oant begjin 2012 fungearre it skip as farrend laboratoarium fan de Wageningen Universiteit, foar ûndersyk nei plankton.[1] Op 12 maart 2020 rekke de MS Vlieland slim skansearre trochdat by it fuortgean út Harns de kaai rekke waard. It skip rekke lek en moast troch in sleepboat werom nei Harns brocht wurde, it waard net nei de terminal sleept mar der waard oanlein yn de Nije Willemshaven. Dêrwei waarden de passazjiers fanwege de koroana pandemy mei bussen wer nei de terminal ferfierd dêr't se harren reis ferfolgje koene mei de Midsland.[2] Nei ynspeksje die bliken dat ien fan de masinekeamers wetter makke hat. Motoaren en oare apparatuer hawwe skea oprûn. It skip is wersteld by in werf yn Harns en koe op 21 augustus 2020 wer yn gebrûk naam wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|