Thea de Roos-Van Rooden
Th.C.M. (Thea) de Roos-van Rooden (Hillegom, 27 maaie 1949) is in Nederlânske skiedkundige, wetterskipsbestjoerder en earder gemeentebestjoerder út namme fan de PfdA.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Hillegom gie De Roos-van Rooden nei de Mulo A. Yn Haarlim helle hja it diploma fan de MMS. Yn 1968 sette sy út ein mei in stúdzje skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins, helle yn 1973 se de akte MO skiednis en yn 1975 die se doktoraaleksamen skiednis.
Fan 1975 ôf oannwie hja skiednisleararesse yn it middelberûnderwiis yn Beverwyk en Haarlim. Yn 1978 waard se keazen ta riedslid foar de PvdA yn Heemskerk. oant 1990 siet hja yn de gemeenteried, fan 1986 oant 1990 wie se ek wethâlder.
Dêrnei wie se fan 1990 oant 1997 boargemaster fan de Gelderske gemeente Millingen oan de Ryn. Fan 1997 oant 2003 wie se dykgraaf fan it Noard-Hollânske wetterskip Het Lange Rond dat yn 2003 mei fiif oare wetterskippen fusearre ta it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier.
Neifolgjend wie se fan 1 desimber 2003 ôf oan boargemaster fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.[1] Nei oanlieding fan skeel mei in tal fraksjefoarsitter besleat se der mei yngong fan 1 febrewaris mei op te hâld. Se waard opfolge troch de CDA'er Willem Hoornstra.
Sûnt jannewaris 2009 is Thea de Roos heechhiemried (deistich bestjoerder) fan it Súd-Hollânske hoogheemraadschap Rijnland.
Njonken har ûnderwiiskundige en politike wurk publisearre hja ferskate boeken, fral op it mêd fan lokale skiednis.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thea de Roos-van Rooden is boaske oan histoarikus, sjoernalist en publisist Jan de Roos, sy hawwe twa dochters. Sy hawwe tegearre ek in tal boeken skreaun.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Millingen in 1945 (1995)
- Gemeentehuizen in Gelderland (mei Jan de Roos) (1995)
- Acht maal edelachtbaar, Millingse burgemeesters 1810-1967 (mei Jan de Roos) (1997)
- Millings drieluik (1997)
- Het Noorderpolderhuis in Schermerhorn (1998)
- Het stof der dagelijkse dingen, oer de Millingske postboade Bartje Lelie (1999)
- Dreug ôn den diek, over het Millingse schuttersgenootschap OEV (mei Jan de Roos) (2002)
- Een burgemeester van stand: Otto van Nispen & Hillegom (2005)
- Gaasterland. Eeuwenoud land tussen Mar en Klif (mei Bauke Boersma, Henk Dijkstra, Sytse ten Hoeve en Peter Karstkarel) (2005)
- Aggie. Levensschets van Agnes Pijnaker 1910-1997 (2007)
- Moed en overmoed: Een biografie van burgemeester Dirk Frans Pont (1893-1963) (mei Jan de Roos) (2010)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oersjoch fan har wurk, Keninklike Bibleteek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |