Terpsicht
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Terpsicht (Ned.:Terpzigt) is in poldermole en ryksmonumint út 1888 ten súdwesten fan it doarp Marsum yn de gemeente Menameradiel..
Terpsicht, de lytste spinnekopmole fan Fryslân en Nederlân, bemealde eartiids de Tolsma, in partikuliere polder fan ûngefear 14 ha. Neidat in tal wetterskippen gearfoege wie, ferlear de mole syn funksje. Terpsicht waard yn 1981 restaurearre en op 27 maaie fan dat jier wer yn wurking steld. De fizel fan de mole waard yn 2004 fernijd. Terpsicht, eigendom fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, is mealree yn sirkwy.