Springe nei ynhâld

Coenraad Jacob Temminck

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Temminck)
Coenraad Jacob Temminck
persoanlike bysûnderheden
echte namme Coenraad Jacob Temminck
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 maart 1778
berteplak Amsterdam (Hollân)
stoarn 30 jannewaris 1858
stjerplak Leien (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt biolooch, museumdirekteur
aktyf as mammalooch, ornitolooch,
konservator
jierren aktyf 18001858
bekendste
  wurk(en)
Manuel d'Ornithologie

Coenraad Jacob Temminck (Amsterdam, 31 maart 1778Leien, 30 jannewaris 1858) wie in Nederlânsk biolooch, publisist en museumdirekteur. Hy kaam út in tige begoedige fermidden en beskreau in grut tal bistesoarten dy't doedestiden nij wiene foar de Westerske wittenskip. Sawol ûnder de Frânske Tiid as yn it nije Keninkryk fan 'e Nederlannen beklaaide er foaroansteande posysjes en mocht er him ta de wittenskiplike elite rekkenje. Fan 1820 oant syn ferstjerren wied er de earste direkteur fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Temminck kaam út in âlde Nederlânske patrysjersfamylje. Hy waard yn 1778 yn Amsterdam berne as de soan fan Jacob Temminck (1748-1822), de tesaurier fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy, en dy syn frou Aleida van Stamhorst. Doedestiden hiene de oansjenliken yn Nederlân it foar de moade en pronkje mei in samling opsette fûgels. De jonge Temminck ûnwikkele as bern in fassinaasje foar de samling fan syn heit. Hy krige syn ûnderwiis oan hûs fan in Switserske gûverneur.

Mei sechstjin jier, yn 1794, waard Temminck, troch tadwaan fan syn heit, in lukrative sinekuere (earepost) taskikt op kosten fan it stedsbestjoer fan Amsterdam. Nei't it jiers dêrop de Republyk fan de Feriene Provinsjes troch de Frânsen ûnder de foet rûn en ferfongen waard troch de Bataafske Republyk, waard Temminck yn 1798 út syn funksje ûntset. Hy tekene lykwols mei súkses ferset oan tsjin dy beslissing, en it slagge him om syn baantsje oant 1812 te behâlden, wêrnei't er in oare earepost taparte krige.

Yn 1804 troude Temminck mei Dionysia Catharina Cau, mei wa't er nei it Dútske Offenbach am Main reizge om 'e doe tige ferneamde Dútske ornitolooch Bernhard Meijer te besykjen. Temminck bleau in healjier yn Offenbach om mei de man gear te wurkjen en fan him te learen. Yn 1806 sette er him mei syn frou en syn ûnderwilens omfangrike kolleksje opsette fûgels nei wenjen yn in eigen hûs oan 'e Hearegrêft (no nû. 400) yn Amsterdam. Tusken 1807 en 1818 skreau er in grut tal artikels en oare publikaasjes op it mêd fan 'e ornitology en de bredere soölogy, dêr't er yn wittenskiplike fermiddens syn namme mei fêstige. Temminck syn wichtichste publikaasje wie it Manuel d'Ornithologie ("Hânlieding fan 'e Ornitology"), dat yn 1820 ferskynde en in grut diel fan 'e njoggentjinde iuw it standertwurk oer fûgels bleau.

Ta erkenning fan syn krewearjen waard Temminck lid makke fan seis bûtenlânske natoerhistoaryske genoatskippen, en teffens krige er ûnderskiedings fan sawol kening Loadewyk Napoleon fan Hollân as, yn 1812, fan keizer Napoleon sels. Fanôf 1808 wied er belutsen by it katalogisearjen fan 'e kolleksje út it museum fan Loadewyk Napoleon en 's Lâns Kabinet fan Natuerlike Histoarje. Nettsjinsteande syn goede relaasjes mei de Bonapartes ûnderfûn Temminck gjin swierrichheden om nei de fal fan Napoleon, yn 1813, op 'e pakjedrager fan 'e Oranjes te springen. Fia syn freon Anton Reinhard Falck, dy't goede relaasjes mei de nije foarst Willem I ûnderhold, bea er syn tsjinsten oan 'e nije machthawwers oan, en ûnder de Hûndert Dagen, yn 1815, rjochte er sels in korps frijwillige jagers op om tsjin 'e út ballingskip weromkearde Napoleon te fjochtsjen.

Doe't er op dy wize de geunst fan Willem I wûn hie, wie it foar Temminck mooglik om oan 'e kening foar te stellen en rjochtsje in nasjonaal museum op dêr't trije ûnderskate kolleksjes gearbrocht wurde kinne soene, ntl. de kolleksje fan 'e Ryksuniversiteit Leien, dy fan 's Lâns Kabinet fan Natuerlike Histoarje en syn eigen partikuliere kolleksje. Willem liek dat skoan ta, dat hy beneamde Temminck yn 1820 ta direkteur fan dat museum, mei in jiersalaris fan ƒ 2000. De nije ynstelling kaam it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje te hjitten, en waard fêstige yn Leien. Temminck helle yn 1825 de Dútser Hermann Schlegel dêrhinne, yn 't earstoan om as preparateur fan 'e opsette stikken te fungearjen, mar de man wurke him op ta konservator fan alle wringedieren, ûntjoech him ta in ynternasjonaal erkende autoriteit, en folge Temminck nei syn ferstjerren op as direkteur fan it museum.

Temminck troude trije kear. Syn earste houlik mei Dionysia Catharina Cau, út 1804, einige mei har ferstjerren yn 1828. Dêrnei wertroude er yn 1830 mei Catharina Nepveu, dy't yn 1834 ferstoar. Dizze beide earste houliken bleaune sûnder neiteam. Ut syn trêde houlik, mei Anna Agneta Smissaert, hie Temminck fjouwer soannen. Hy wie in leafhawwer fan 'e jacht, dy't er benammen yn 'e omkriten fan syn bûten Wildlust, by Lisse, beoefene, mar hy kaam nea yn 'e skouboarch. Hoewol't er reizen troch Jeropa makke, besocht er nea Nederlânsk-Ynje of Japan, dêr't in protte fan 'e bisten dy't er beskreau, weikamen.

Temminck kaam begjin 1858 yn Leien te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 79 jier.

  • 1808-1815 – Histoire Naturelle Générale des Pigeons et des Gallinacés
  • 1820 – Manuel d'Ornithologie, ou Tableau Systématique des Oiseaux Qui Se Trouvent en Europe
  • 1817 – Observations sur la Classification Méthodique des Oiseaux et Remarques sur l'Analyse d'une Nouvelle Ornithologie Élémentaire
  • 1821 – Nouveau Recueil de Planches Coloriées d'Oiseaux, pour Servir de Suite et de Complément aux Planches Enluminées de Buffon
  • 1826-1842 – Atlas des Oiseaux d'Europe, pour Servir de Complément au Manuel d'Ornithologie de M. Temminck
  • 1827-1841 – Monographies de Mammalogie
  • 1838 – Nouveau Recueil de Planches Coloriées d'Oiseaux
  • 1845-1849 – Iconographie Ornithologique ou Nouveau Recueil Général de Planches Peintes d'Oiseaux
  • 1846-1849 – Coup-d'Oeil Oénéral sur les Possessions Néerlandaises dans l'Inde Archipélagique
  • 1853 – Esquisses Zoologiques sur la Côte de Guiné
  • 1855 – Las Posesiones Holandesas en el Archipiélago de la India

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.