Springe nei ynhâld

Alvestêdemonumint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tegeltsjebrêge)
Alvestêdentocht-tegeltsjebrêge oer de Moark
Fan dichtby

It Alvestêdemonumint is in keunstwurk ûnder de namme It Sil Heve fan Maree Blok en Bas Lugthart, oanbrocht op de Kanterlânsbrêge, yn de folksmûle 'tegelsjebrêge', oer de De Moark by Gytsjerk.

Dat is de lêste brêge yn de Alvestêdetocht, op it stik tusken Aldtsjerk en Ljouwert, by Gytsjerk op de grins fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Ljouwert. Op de brêge binne yn de perioade 2001-2008 tûzenen blau glazuere tegeltsjes fan Makkumer Ierdewurk oanbrocht mei dêrop de ôfbylding, namme en jiertal fan dielnimmers oan de tocht. Op gruttere ôfstân foarmje de tûzenen tegelportretten in nij byld fan riders dy't efter elkoar ride. De brêge foarmet sa in earebôge by de finish fan de Alvestêdetocht en stiet yn de folksmûle ek bekend as "de tegeltjebrêge". By it neistlizzende parkearplak stiet in ynformaasjeboerd. De yndividuele tegels binne werom te finen middels in koördinatestelsel en fia in dêrta oanleinde steiger kinne se fan tichtby besjoen wurde.

It projekt wie ynearsten bedoeld foar de brêge oer de Aldtsjerkster Feart by Bartlehiem, mar ûnder protest fan de pleatslike befolking (bang foar oerlêst fan besikers) is útfiering op dat plak destiids ôfwiisd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: