Teätertsjerke Wadway

Ut Wikipedy
Teätertsjerke Wadway

Theaterkerk Wadway

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Opmeer
plak Wadway
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1450-16e iuw
arsjitekt Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31802 31803
offisjele webside
theaterkerkwadway.nl

Teätertsjerke Wadway (Nederlânsk: Theaterkerk Wadway) is de eardere herfoarme tsjerke fan Wadway yn de provinsje Noard-Hollân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de tsjerke fûn noch yn de roomske tiid plak en waard oarspronklik oan Marije Magdalena wijd. De toer is let-goatysk fan styl en stamt út likernôch 1450. It koer en it skip fan it tsjerkje datearje út de 16e iuw. Oan de noardlike kant fan it skip is in poartsje mei dêrboppe in bôgefjild dat opfolle is mei in sark fan Bremer sânstien.

Healwei de 20e iuw rekke de tsjerke slim brekfallich; it gebou waard sels troch in skieppeboer as stâl brûkt.

Yn de jierren 1960 kocht de Stifting Wadway de tsjerke oan, dy't de tsjerke restaurearje liet en it in nije funksje joech. As Teäter krige de tsjerke yn de rin fan de tiid namme by in soad artisten en kabaretiers.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet in iken preekstoel út 1656.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]