Wadway
Waadwei | ||
Tsjerke fan Wadway | ||
Polityk | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar Medemblik | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1715 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 41 'NB, 4° 58 'EL | |
Kaart | ||
Wadway (Frysk: Waadwei) [1] is in doarp dat yn de gemeenten Medemblik en Opmar yn 'e regio West-Fryslân yn de provinsje Noard-Hollân leit.
It doarp hat 50 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Geografy en bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wadway leit tusken de doarpen Spanbroek en Wognum. De buorren fan it doarp leit yn 'e gemeente Opmar. Hoewol't it in eigen kearn hat, wurdt it bytiden dochs by de grutte plakken ûnderferdield. Sa wurdt it diel yn 'e gemeente Opmar ta it doarp Spanbroek rekkene en it stik yn 'e gemeente Medemblik by it doarp Wognum. Oant 1 jannewaris 2007 foel it gedielte yn 'e gemeente Medemblik ûnder de eardere gemeente Wognum, dat sels opgien is yn 'e fúzjegemeente Medemblik.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak is al frij âld, yn 'e 11e iuw wurdt it doarp al neamd as Wadwey. Yn 1310 komt it foar as Watwey. De plaknamme is in gearlûking fan waad, dat 'trochwaadber plak' betsjut en way, dat 'wei' (greide) betsjut.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Teätertsjerke fan Wadway.
Wadway is lanlik bekend troch de Teätertsjerke fan Wadway, in tsjerke dêr't in teäter yn fêstige is. De tsjerke sels, de Magdalena Tsjerke, is fan 1547. Yn 'e jierren fyftich fan 'e 20e iuw rekke de tsjerke yn ferfal. It waard in teätertsjerke neidat de souder fan Harry van Scherpenberg út Hoarn te lyts waard om toaniel te spyljen foar it publyk dat toaniel sjen woe en socht om in nije romte. Foar de tsjerke waard de Stifting Wadway oprjochte yn 1966 dy't èn de tsjerke restaurearje moast èn de tsjerke geskikt te meitsjen foar teäter. Yn septimber waard de tsjerke offisjeel iepene as teäter. Al gau waard de teätertsjerke berucht oant úteinlik populêr en wurdearre by publyk en artysten.
Yn it doarp wurdt der fierders alle jierren yn septimber ringstekken en in autocross organisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|