Springe nei ynhâld

Tatev

Ut Wikipedy
Tatev-kleaster

Տաթևի վանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Syunik
plak Tatev
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 9e iuw
offisjele webside
Side fan it kleaster

It Tatev-kleaster (Armeensk: Տաթևի վանք) is in fan oarsprong 9e-iuwsk Armeensk kleaster op in grut plato fan basalt by it doarp Tatev yn de provinsje Syunik yn súdeastlik Armeenje. Tatev ferwiist ornaris nei it kleaster, dat oan de hoeke fan in djippe kleau oan de Vorotan-rivier stiet. It kleaster spile in wichtige rol yn de skiednis fan de regio as in sintrum fan ekonomyske, politike, religieuze en kulturele aktiviteit.

Yn de 14e en 15e iuw foarme it kleasterkompleks ek ien fan de wichtichste Armeenske universiteiten út de midsiuwen. De Universiteit fan Tatev droech by oan de ûntwikkeling fan wittenskip, religy en filosofy. It kleaster droech by oan de produksje fan boeken en de wittenskippers fan de universiteit droegen by oan it behâld fan de Armeenske kultuur yn in tiidrek dat as ien fan de meast rûzige fan de skiednis fan it lân wurdt beskôge.

Hjoed-de-dei ferbynt in moderne kabelbaan Tatev mei it doarp Halidzor.

Neffens de tradysje waard it kleaster ferneamd nei Eustathius fan Antiochje, ien fan de folgelingen fan Taddéus de Apostel, dy't yn dy omkriten preke en de martlerdea stoar. Syn namme soe evaluearre wêze nei Tatev.

In oare leginde wol ha dat de namme ferwiist nei in barren by de krekt foltôge bou fan de haadtsjerke. It slagge doe ien fan de bouwers net om by it setten fan de krús op de koepel der wer ôf te kommen. Hy ferlear it fet op de koepel en by syn fal rôp er noch gau "Mei God my fleugels jaan" (yn it Armeensk: Togh astvats indz ta-tev).

De 10e iuwske skommeljende pylder"

It kleaster giet werom op de 9e iuw doe't it de sit waard fan de biskop fan Syunik. Yn syn Skiednis fan de Provinsje Syunik beskreau de histoarikus Stepanos Orbelian de bou fan in nije tsjerke yn 848 njonken in âldere mei finansjele help fan ien fan de prinsen fan Syunik. Mei it tanimmen fan it ekonomyske en politike belang fan it kleaster wiene de gebouwen langer net tarikkend en waard in nij kleaster boud.

It Tatev-kleaster wie in feodale organisaasje en waard koart nei de oprjochting in ynfloedryk sintrum mei in soad grûnbesit en in grut tal doarpen. Fuort nei de oerdracht fan de grûn oan it kleaster troch prins Ashot wiisden boeren fan guon doarpen de autoriteit fan it kleaster ôf en setten útein mei in lange striid tsjin it kleaster. Guon histoarisy ferbine dy opstannen mei in foarm fan ketterij, dy't likernôch yn deselde tiid opkaam en ek delslein waard.

It kleaster om 1920 hinne mei de noch yntakte 17e iuwske klokketoer

It bisdom Tatev besiet 47 doarpen en hie it rjocht op de tsienden fan nochris 677 oare doarpen. Dêrmei krige it sa'n grutte ekonomyske macht, dat biskop Hakob yn 940-950 besocht him ôf te skieden fan Etchmiadzin, it kultureel-religieuze sintrum fan it lân. Oan dy separatistyske dream fan Hakob waard it near lein troch't katolikos Anania Mokatsi oer Hakob in flok útspriek. Oare gebieten hellen foardiel út de doe ûnsteane swakkere posysje fan Tatev. Se wiisden de supremaasje ôf en stiften harren eigen bisdommen. Yn 958 wist biskop Vahan in diel fan de rjochten en eigendommen werom te winnen en yn 1006 slagge biskop Hovhannes V der yn om de aartsbiskoplike privileezjes fan it bisdom wer te herstellen.

Yn it begjin fan de 11e iuw wennen der yn Tatev wol sa'n 1.000 muontsen en in grut tal keunstners. Yn 1044 voelen de oanbuorjende emiraten it kleaster oan en ferneatigen de Grigoriustsjerke (Surp Grigor) en omlizzende gebouwen. Al gau dêrnei fûn weropbou plak en yn 1087 waard oan de noardwestlike kant in Mem-Godstsjerke (Surp Astvatsatsin) boud. De ynfallen fan de Seltsjoeken en in ierdskodding brochten it kleaster yn de 12e iuw nije fernielings. Yn 1170 plonderen de Seltsjoekske Turken it kleaster en ferbaarnden de likernôch 10.000 manuskripten. Tsjin it ein fan de 13e iuw waard it kleaster ûnder biskop Stepanos wer rekonstruearre.

It wist it ekonomyske belang mei help fan de Orbelian-famylje werom te krijen en de monastike ynfloed naam ta doe't de Orbelian's de kontrole krigen oer it kleaster. Stepanos Orbelian waard wijd ta metropolyt en wist in tal oanbuorjende bisdommen te ferienigjen mei syn bisdom. It kleaster ûntwikkele him ta in yntellektueel sintrum en tusken 1390 en 1453 wie it ek in universiteit. In soad belangrike teologen yn dat tiidrek studearren oan dy universiteit. Dêrnjonken wie it in polityk sintrum fan it foarstendom Syunik en de sit fan de aartsbiskop fan Syunik, dy't in pear kilometer eastlik syn simmerresidinsje yn it kleaster Bgheno-Noravank hie.

It kleaster waard ek slachtoffer fan de plondertochten yn Syunik (1381-1387) fan Timoer Lenk. It waard plondere, ferbaarnd en rekke in grut part fan 'e besittings kwyt. De ynfaazje fan syn soan Shah Rukh yn 1434 brocht nochris in grutte slach oan it kleaster. Under de wrede Aga Mahmet Khan waard it kleaster yn 1796 troch Perzyske troepen plondere.

De status fan it kleaster feroare yn 1836 doe't Ruslân it bisdom Syunik by it bisdom Jerevan foege.

In ierdskodding yn 1931 brocht grutte skea oan it kleaster; sawol de koepel fan de Paulus as Petrustsjerke en de klokketoer stoartten yn. Wylst is de koepel fan de Paulus en Petrustsjerke rekonstruearre, mar de klokketoer is oant hjoed-de-dei noch net wer opboud.

It Tatev-kleaster bestiet út trije tsjerken: de Paulus en Petrustsjerke (Surb Poghos-Petros), de Sint-Grigoriusstsjerke (Surb Grigor) en de Mem Gods-tsjerke (Surb Astvatsatsin). Fierder is der in bibleteek, de refter, de klokketoer, in mausoleum en oare gebouwen.

Petrus en Paulustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Petrus en Paulustsjerke

De oan de apostels Paulus en Petrus wijde tsjerke waard tusken 895 en 906 boud. De tsjerke wurdt ek wol Apostelstsjerke neamd of gewoanwei katedraal. Se waard mooglik boud op de lokaasje fan in âldere tsjerke.

Oan de westlike muorre fan de tsjerke bleau de wijstien fan biskop Hovhannes bewarre, dy't wichtige ynformaasje jout oer de bou fan de tsjerke. De tsjerke is it de âldste bouwurk yn it kleasterkompleks en waard op ynisjatyf fan biskop Hovhannes boud mei help fan prins Ashot, syn frou prinses Shushan en de prinsen Grigor Supan en Dzagik.

It giet om in rjochthoekich gebou mei in eastlike oriïntaasje. Yn de eastlike apsis is it alter ûnderbrocht. Oan de eastlike gevel binne nissen mei reliëfportretten fan prins Ashot en prinses Shushan, elk begrinzge troch beskermjende slangen.

Yn 930 waard de tsjerke mei fresko's beskildere. It wurk waard útfierd troch Frânske keunstners út Konstantinopel dy't gearwurken mei Armeenske skilders. De eastlike apsis is fersierd mei in troanende Kristus, apostels en hilligen, wylst de westlike muorre it Jongste Gerjocht útbyldet. Op de noardlike muorre wurde foarstellings fan de berte fan Jezus ôfbylde. De fresko's binne allinne fragmintarysk bewarre bleaun.

Kapel Gregorius de Ferljochter

De Kapel fan Gregorius de Ferljochter waard oan de súdlike muorre fan de Petrus en Paulustsjerke oanboud. De earste tsjerke waard tusken 836 en 848 boud, mar yn de 11e iuw nei de Seltsjoekske plonderings renovearre en folslein ferneatige by de ierdskodding fan 1138. In weropbou fûn folle letter yn 1295 plak.

De Gregoriustsjerke is in ienfâldich bouwurk sûnder koepel. De tagong is fersierd mei detailearre geometryske dekoraasjes.

Mem Gods-tsjerke

Mem Gods-tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mem Gods-tsjerke stiet by de noardlike fêstingwurken fan it kleasterkompleks. De tsjerke waard boud yn 1087 as in twadde ferdjipping oer it mausoleum by de yngong. De ierdskodding fan 1931 brocht grutte skea oan it gebou, mar tsjin it ein fan de 20e iuw folge de restauraasje.

De saneamde Gavazan (betsjutting: "stêf") is in pylder dy't yn de 10e iuw nei de foltôging fan de Paulus en Petrustsjerke boud waard. De pylder oerlibbe alle ierdskoddings en ynfaazjes en is ûngefear 8,3 meter heech. It oan de Trije-ienheid wijde krús op de pylder is 18e-iuwsk en fan it khachkar-type. Nei alle gedachten hat it de foarm fan it krús dat earder op de pylder stien hat. It doel fan de pylder is te warskôgjen by lytse ierdskoddings. Al by de lytste skok beweecht de pylder en nimt dêrnei fuort wer de fertikale posysje oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Tatev Monastery