Sûterrên
In sûterrên,[1] fan it Frânske souterrain (in ferbastering fan sous terrain, "ûnder de grûn"), is in ferdjipping fan in gebou, dy't foar in diel (ornaris likernôch de helte) ûnder it meanfjild leit.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In sûterrên yn in wenhûs hat gauris in leech plafond en is foarsjoen fan mar lytseftige finsters, dy't tsjinje foar it talitten fan deiljocht en eventueel frisse lucht. It setten fan in hûs mei in sûterrên wie yn it ferline faak in foardieliger en praktysker oplossing as it bouwen fan in hûs mei in kelder hielendal ûnder de grûn. It sûterrên fan in hearehûs wie faak foarsjoen fan in grutte koken en in pear lytsere ferbliuwsromtes foar it tsjinstfolk. De efterkant fan in sûterrên kin eventueel oanslute op in ferdjippe tún. Soms waarden sûterrêns ek brûkt as wurkplak of as opslachromte; sa'n sûterrên neamt men yn Amsterdam ek wol in onderstuk.
By in hûs mei in sûterrên is der almeast gjin dúdlike begeane grûn oan te wizen, mei't dy op 'e hichte fan it meanfjild heart te lizzen. By huzen mei sûterrêns soe de begeane grûn him dus heal yn it sûterrên en heal yn 'e ferdjipping dêrboppe befine. De twadde boulaach, direkt boppe it sûterrên, hjit dêrom net de begeane grûn, mar de bel-etaazje. Dêr komt de foardoar yn 'e regel op út, mei in steatlik stiennen trepke om 'e besikers fan it strjitnivo omheech te bringen nei it nivo fan 'e bel-etaazje. It kin ek dat de bel-etaazje en it sûterrên ferskillende wenten binne; it sûterrên is dan net (of net inkeld) út it gebou wei te berikken, mar mei in trepke omleech fan it strjitnivo nei in eigen foardoar.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - sûterrên
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |