Sybe Schaap
Sybe Schaap (De Lemmer, 20 maaie 1946) is in Nederlânsk politikus. Ut namme fan de VVD wie er fan 2007 oant 2019 lid fan de Earste Keamer. Schaap hat ek dykgraaf fan it wetterskip Groot Salland west.
Oplieding en wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schaap folge fan 1962 oant 1964 de kweekskoalle foar ûnderwizers yn Swol en studearre fan 1964 ôf oan de Hegere Lânbouskoalle Ljouwert (no Van Hall Ynstitút), dêr't er yn 1967 syn yngenieursdiploma helle. Dêrnei gie Schaap oant wurk yn it famyljebedriuw as boer yn de Noardeastpolder; dat die er fan 1968 oant 1970. Yn dy tiid helle er yn 1969 de M.O.-akte (earstegraads ûnderwiisfoech) yn ekonomy en ek yn 1969 sette er útein mei in stúdzje sosjale wittenskippen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam, dêr't er yn 1973 syn doktoraaleksamen helle. Fan 1979 ôf wie Schaap universitêr dosint filosofy oan deselde universiteit.
Schaap waard meiwurker fan de D66-fraksje yn de Twadde Keamer (1981 oant 1986) en lid fan de gemeenteried fan Brederwiede (1980 - 1984). Yn 1986 stapte Schaap út D66 en stoppe as meiwurker fan de D66-fraksje yn de Twadde Keamer.
Schaap waard dykgreve fan it wetterskip Noardeastpolder (distiid Suderseelân, Flevopolder) fan 1986 oant 1993, fan 1993 oant 1997 foarsitter fan it Suveringskip West-Oerisel en un 1997 fan wetterskip Groot Salland (Oerisel).
Schaap promoveearre 1996 ta doktor yn de wiisbegearte oan de Frije Universiteit yn Amsterdam en krige dêrnei in gastdosintskip yn de filosofy oanbean oan de Karel Universiteit te Praach, in funksje dy't er op in leech pitsje set hat. Schaap is ek noch bûtengewoan heechlearaar water policy & governance oan de Technyske Universiteit Delft en Wageningen Universiteit.
Sûnt 1988 is Schaap aktyf lid fan de VVD. Fan 12 juny 2007 oant 2019 siet er yn de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal út namme fan dy partij.
Yn syn boek Het rancuneuze gif. De opmars van het onbehagen (2012) skriuwt Schaap oer de rol fan rancune yn de mienskip. Hy beskriuwt de rol fan rancune foar Karl Marx, de NSB, fernijingsbewegings yn de jierren '60, radikale bisteaktvisten, mar ek de PVV.
Njonkenfunksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Voorzitter Uny fan wetterskippen (sûnt 2004)
- Lid Ried fan Tafersjoch Delft Cluster (sûnt 2004 )
- Lid bestjoer PSI Bou (sûnt 2004)
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2017 - De Populistische verleiding: De keerzijde van de identiteitsillusie
- 2016 - Rechtsstaat in verval: over de lange mars door de instituties
- 2012 - Het rancuneuze gif, de opmars van het onbehagen
- 2006 - Afscheid van de almachtige: herwaardering van de levenszin
- 2003 - De mens als maat: Nietzsche's worsteling met het ressentiment
- 2001 - Het onvermogen te vergeten
- 1995 - De verwerkelijking der filosofie: de metafysische pretentie in het denken van Th.W. Adorno (dissertaasje)
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sybe Schaap wennet yn Emmeloard, is troud en hat twa dochters en twa soannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk politikus
- D66-politikus
- VVD-politikus
- Nederlânsk gemeenteriedslid
- Earste Keamerlid
- Frysk bestjoerder
- Frysk filosoof
- Frysk publisist
- Frysk liberaal
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk filosoof
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk dykgraaf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne op De Lemmer
- Persoan berne yn 1946