Swartkieltsje
swartkieltsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Saxicola rubicola | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It swartkieltsje (Saxicola rubicola) of readboarstfitop is in lytse sjongfûgel, dy't foarhinne yndield waard by de lysterfûgels (Turdidae), mar neffens resint ynsjoch yndield is by de miggesnappers, lykas ek it oan it swartkieltsje besibbe paapke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It swartkieltsje is in frij lytse sjongfûgel fan 11,5 sm oant 13 sm. It mantsje hat yn 'e briedtiid in swarte kop en witte plakken op 'e sydkanten fan 'e hals en oant it búkje in oranje boarst. De boppekant fan it fûgeltsje is donkerbrún.
It wyfke is fan boppe brún kleure, ek op it plak dêr't it mantsje op it kopke swart is. Hja hat gjin dúdlike wite halsflekken en it oranje op it boarst is by har minder sprekkend. Jonge fûgels binne ek brún kleure mei in soarte fan donkerbrún skobbich patroan.
Iten, biotoop, fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It swartkieltsje yt ynsekten.
De fûgel libbet yn in healiepen lânskip mei net tefolle begroeiing. Dat kin agraryske kultuergrûn, mar ek natoergebiet lykas healiepen heidefjild wêze.
Healwei maart oant augustus wurdt der bret. It wyfke leit fiif oant seis aaikes yn in goed ferstoppe nêst yn in holte yn 'e grûn, dat bestiet út raai, gers, moas en woartels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It swartkieltsje is in trekfûgel, mar reizget minder fier as it besibbe paapke. It liket der op dat in rige fan sêfte winters de fûgel minder oanstriid jout om te trekken en it tal oerwinterjende fûgels is dan ek tanommen. Mar dat komt nei alle gedachten ek om't it tal pearkes spektakulêr tanommen is. Yn Nederlân briedt de fûgel op sângrûn, yn 'e dunen oan 'e kust, Seelân en de Waadeilannen.
De fûgel kaam yn 'e jierren 1970 oant ein jierren 1980 yn Nederlân yn 'e swierrichheden. De populaasje gyng lykas dy fan it paapke foars efterút, al wiene der grutte regionale ferskillen. Rûsd waard dat der yn Nederlân om 1975 hinne likernôch 5.000 pearkes wiene, mar acht jier letter wiene dat yn 1983 noch mar 2.000.
Sûnt ein jierren 1980 profitearre de fûgel fan it ferbettere behear fan 'e natoer. Foarbylden dêrfan binne de feroarings fan agrarysk gebrûk, natoerûntwikkeling en it minder faak meanen fan berms. Neffens SOVON fermannichfâldige it tal briedpearkes tusken 1990-2005 sân kear. Dêrfandinne waarden yn 2018-2020 wer 18.000 oant 22.000 pearkes yn Nederlân telt en dat is mear as foar it begjin fan 'e delgong yn 'e jierren 1970. Gruttere konsintraasjes fan 'e fûgel binne te finen yn Drinte, de Feluwe, East-Brabân en Noard-Limburch.
Ek yn Fryslân is it tal plakken dêr't it swartkieltsje foarkomt tanommen. De eilannen mei rûchwei de eastlike helte fan 'e provinsje en it Lauwersmargebiet foarmet it ferspriedingsgebiet fan it swartkieltsje yn Fryslân.(2023)
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de IOC World Bird List binne der yn Europa twa ûndersoarten:
- S. r. rubicola (de nominaat) yn West-, Midden- en Súd-Europa, it noarden fan Afrika en it Midden-Easten.
- S. r. hibernans yn Ierlân, Grut-Brittanje, it west fan Frankryk en Portugal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Paapke
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje