Springe nei ynhâld

Swartkieltsje

Ut Wikipedy
swartkieltsje

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai swartkieltsjes (Saxicola)
soarte
Saxicola rubicola
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It swartkieltsje (Saxicola rubicola) of readboarstfitop is in lytse sjongfûgel, dy't foarhinne yndield waard by de lysterfûgels (Turdidae), mar neffens resint ynsjoch yndield is by de miggesnappers, lykas ek it oan it swartkieltsje besibbe paapke.

It swartkieltsje is in frij lytse sjongfûgel fan 11,5 sm oant 13 sm. It mantsje hat yn 'e briedtiid in swarte kop en witte plakken op 'e sydkanten fan 'e hals en oant it búkje in oranje boarst. De boppekant fan it fûgeltsje is donkerbrún.

It wyfke is fan boppe brún kleure, ek op it plak dêr't it mantsje op it kopke swart is. Hja hat gjin dúdlike wite halsflekken en it oranje op it boarst is by har minder sprekkend. Jonge fûgels binne ek brún kleure mei in soarte fan donkerbrún skobbich patroan.

Iten, biotoop, fuortplanting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It swartkieltsje yt ynsekten.

De fûgel libbet yn in healiepen lânskip mei net tefolle begroeiing. Dat kin agraryske kultuergrûn, mar ek natoergebiet lykas healiepen heidefjild wêze.

Aaikes fan it swartkieltsje.

Healwei maart oant augustus wurdt der bret. It wyfke leit fiif oant seis aaikes yn in goed ferstoppe nêst yn in holte yn 'e grûn, dat bestiet út raai, gers, moas en woartels.

It swartkieltsje is in trekfûgel, mar reizget minder fier as it besibbe paapke. It liket der op dat in rige fan sêfte winters de fûgel minder oanstriid jout om te trekken en it tal oerwinterjende fûgels is dan ek tanommen. Mar dat komt nei alle gedachten ek om't it tal pearkes spektakulêr tanommen is. Yn Nederlân briedt de fûgel op sângrûn, yn 'e dunen oan 'e kust, Seelân en de Waadeilannen.

De fûgel kaam yn 'e jierren 1970 oant ein jierren 1980 yn Nederlân yn 'e swierrichheden. De populaasje gyng lykas dy fan it paapke foars efterút, al wiene der grutte regionale ferskillen. Rûsd waard dat der yn Nederlân om 1975 hinne likernôch 5.000 pearkes wiene, mar acht jier letter wiene dat yn 1983 noch mar 2.000.

Sûnt ein jierren 1980 profitearre de fûgel fan it ferbettere behear fan 'e natoer. Foarbylden dêrfan binne de feroarings fan agrarysk gebrûk, natoerûntwikkeling en it minder faak meanen fan berms. Neffens SOVON fermannichfâldige it tal briedpearkes tusken 1990-2005 sân kear. Dêrfandinne waarden yn 2018-2020 wer 18.000 oant 22.000 pearkes yn Nederlân telt en dat is mear as foar it begjin fan 'e delgong yn 'e jierren 1970. Gruttere konsintraasjes fan 'e fûgel binne te finen yn Drinte, de Feluwe, East-Brabân en Noard-Limburch.

Ek yn Fryslân is it tal plakken dêr't it swartkieltsje foarkomt tanommen. De eilannen mei rûchwei de eastlike helte fan 'e provinsje en it Lauwersmargebiet foarmet it ferspriedingsgebiet fan it swartkieltsje yn Fryslân.(2023)

Neffens de IOC World Bird List binne der yn Europa twa ûndersoarten:

  • S. r. rubicola (de nominaat) yn West-, Midden- en Súd-Europa, it noarden fan Afrika en it Midden-Easten.
  • S. r. hibernans yn Ierlân, Grut-Brittanje, it west fan Frankryk en Portugal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: