Springe nei ynhâld

Svijazjsk

Ut Wikipedy
Svijazjsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Republyk Tatarije
Sifers
Ynwennertal 243 (2017)
Hichte 152 m
Oar
Stifting 1551
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 5° 46' N 48° 39' E

Svijazjsk (Russysk: Свияжск) is in doarp ("selo") yn de republyk Tatarije yn Ruslân op it plak dêr de Wolga en de Svijaga by elkoar komme.

Svijazjsk waard yn 1551 stifte troch Ivan de Ferskriklike. It boumateriaal fan it fort wie ôfkomstich út Uglitsj dat oer de Wolga nei de lokaasje brocht waard. It fort tsjinne foar it russyske leger yn it ramt fan it belis fan de stêd Kazan (1552) en Svijazjsk waard it sintrum fan wêrút it kristendom ûnder de Tataren ferkundige waard.

Svijazjsk yn de 18e iuw

Oarspronklik wie Svijazjsk in bestjoerlik sintrum foar de omjouwing, mar yn 1932 waard it degradearre ta in doarp.

Yn de Stalinistyske tiid waard it eilân brûkt foar it ferbaljen fan politike tsjinstanners fan it rezjym. Neffens de russyske publisist Aleksander Borissovitsj Sjirokorad wie it eilân ien fan de earste plakken fan Sovjet-represje, doe't yn opdracht fan de militêre kommissaris fan it bolsjewistyske bestjoer eltse tsiende soldaat fan it Reade Leger deasketten waard om't se der net yn slagge wiene de Witen út Kazan te ferjijen. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden kriichsfinzenen yn ien fan de kleasters opsletten.

Troch de oanlis fan in opslachmar leit Svijazjsk sûnt 1955 op in eilân. Svijazjsk ferlear al sûnt it begjin fan de 20e iuw ynwenners, mar doe't de berikberens fan Svijazjsk as eilân noch minder waard sakke de befolking foars. Oan it begjin fan de 21e iuw wennen der noch minder as 300 minsken op it eilân (1897: 2080).

It eilân, dat ek tsjintwurdich troch de kleasters noch ryk is oan tsjerken, ferlear yn de jierren 1920-1930 troch ferneatiging in diel fan dy rykdom, ynklusyf de 16e-iuwske Marije-Bertekatedraal. Oare tsjerken waarden troch de kommunisten plondere en ien fan de kleasters ferlear in rike bibleteek. Op it eilân lizze noch twa aktive kleasters: it Uspenski-kleaster en it Jehannes de Doperkleaster. In tredde kleaster, it Opstanningskleaster, leit foar it eilân oer oan de oare kant fan it wetter. Sûnt 2017 heart it Uspenski-kleaster ta it wrâlderfgoed fan UNESCO.