Jehannes de Doperkleaster (Svijazjsk)

Ut Wikipedy
Jehannes de Doperkleaster
Свияжский Успенский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Svijazjsk
koördinaten 55° 46' N 48° 39' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1551
Ynformaasje bou
arsjitekt F.N. Malinovski (katedraal)
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 1610079000
Webside
Side kleaster
Kaart
Jehannes de Doperkleaster (Ruslân)
Jehannes de Doperkleaster

It Jehannes de Doperkleaster (Russysk: Иоанно-Предтеченский монастырь; Ioanno-Predtetsenski monastyr) op it Russyske eilân Svijazjsk is in kleaster fan it Russysk-otterdokse bisdom Kazan. Foar de Oktoberrevolúsje yn 1917 wie it in nonnekleaster, mar hjoed-de-dei is it kleaster in úthôf fan it Untsliepeniskleaster (beide kleasters lizze tichteby inoar op it eilân, dat sa'n 49 kilometer fan Kazan leit), dat troch muontsen bewenne wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije-ienheidskleaster foar muontsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije-ienheidstsjerke.

It kleaster waard tagelyk mei de bou fan it doarp en de noch jimmeroan besteande houten Trije-ienheidstsjerke yn 1551 stifte. De muontsen kamen oarspronklik fan it Trije-ienheid-Sergius-kleaster út de omkriten fan Moskou, dêr't it kleaster ûnder foel. Mei in keninklik dekreet waarden trije doarpen, bosken, in mûne en wetter dêr't fiske wurde koe oan it kleaster oerdroegen.

Yn koarte tiid waard it kleaster boud. Yn 1604 waard de Sergiustsjerke boud mei de oan Sergius en Nikon wijde kapellen en dêrûnder de sellen fan 'e muontsen. Ek waard der in grutte katedraal boud, dy't lykwols net bewarre bleaun is. Op 'e ruïnes fan de âlde katedraal waard oan it begjin fan 'e 20e iuw in majestueuze, neo-byzantynske katedraal boud.

De sekularisaasje fan 1764 fan Katarina II makke in ein oan it kleaster. De muontsen, de boeken en argiven ferhûzen nei it Trije-ienheid-Sergius-kleaster.

Sergiustsjerke.

Jehannes de Doperkleaster (foar nonnen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Jehannes de Doperkleaster waard op in ûnbekende datum tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw stifte. It wie as in nonnekleaster oant de 18e iuw ferbûn mei de parochytsjerke fan 'e Berte fan Kristus. Ynearsten hiet it kleaster ek Bertekleaster, mar letter waard it oan Jehannes de Doper wijd. Noch de earste houten tsjerke, noch de stiennen opfolger binne bewarre bleaun. It kleaster hie gjin grûnbesit en libbe allinne fan jeften fan minsken en noch in lyts bytsje stipe fan 'e oerheid. It kleaster en de delsetting Svijazjk hie meardere kearen te lijen fan brannen. Nei in grutte brân yn 1795, dy't ek de kleastergebouwen ferneatige, waarden de lege gebouwen fan it eardere manljuskeleaster oan 'e nonnen oerdroegen. Sûnt dat stuit sette in nije faze fan 'e skiednis fan it kleaster útein en briek in tiidrek fan grutte wolfeart oan. It kleaster krige no mear stipe fan 'e oerheid en der waarden bakstiennen gebouwen boud.

De yn 1914 foltôge katedraal.

Tusken 1898 en 1906 boude arsjitekt F.N. Malinovski in grutte katedraal yn neo-byzantynske styl, dy't oan 'e ikoan fan de Mem Gods "fan-de-Freugde-foar-harren-dy't-treurje" wijd waard. Oan it begjin fan 'e 20e iuw telde it kleaster likernôch 400 nonnen en novisen. It wie it op ien nij grutste kleaster fan it bisdom (it grutste kleater wie it Kleaster fan 'e Ikoan fan de Mem-Gods-fan Kazan yn [[Kazan (stêd)|Kazan).

Nei de Russyske revolúsje waard it kleaster yn 1919 sletten. Yn de Sovjet-tiid waarden alle tsjerken oan in iepenloftmuseum fan it eilân oerdroegen. De âlde ikonostaze fan 'e houten Trije-ienheidstsjerke kaam telâne yn it Museum fan Figurative Keunst fan de republyk Tatarstan. De tsjerke sels waard yn 1959 restaurearre en de dekoraasjes fan it ynterieur binne bewarre bleaun.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur katedraal.

It kompleks is ridlik goed bewarre bleaun en bestiet út de gebouwen fan it Trije-ienheidskleaster en gebouwen út de 19e iuw en it begjin fan 'e 20e iuw.

Trije-ienheidstsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De houten Trije-ienheidstsjerke út 1551 is net allinne it âldste tsjerkegebou fan it kleaster, mar dy fan 'e hiele regio. It is it iennige houten gebou dat bewarre bleaun is út de tiid fan 'e earste gebouwen op it eilân. De tsjerke is net hielendal mear oarspronklik want yn 'e 19e iuw ferlear de tsjerke it tintedak. It ynterieur waard yn 'e Sovjet-Uny skeind en 16e- en 17e-iuwske ikoanen waarden ferwidere, mar de houten ikonostaze is bewarre bleaun.

Loftfoto fan it kompleks.

Sergiustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde tsjerke fan it kleaster is fan stien en waard yn 1606 boud en wijd oan Sergius fan Radonezj. It is in gebou mei ien koepel op in wat letter boude en oangrinzgjende klokketoer. Under de galerij (rjocht fan de tagong) bleau in fresko fan 'e Trije-ienheid mei de hilligen Sergius fan Radonezj en Aleksander Svirski bewarre. Keunsthistoarysk is it fresko, dat út de tiid fan 'e bou fan 'e tsjerke datearret, fan grut belang, om't it in kopy fan folle grutter formaat is fan it muorrefresko fan 'e Trije-ienheid fan 'e ferneamde skilder Andrej Rûbljov.

Katedraal fan de Ikoan fan de Mem Gods fan de Freuge foar harren dy't treurje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neobyzantynske tsjerke waard fan 1898 oant 1906 boud en beskildere yn 1914. It fan reade bakstien boude monumint is it grutste gebou fan Svijazjsk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Свияжский Иоанно-Предтеченский монастырь