Superligaen

Ut Wikipedy
3 F Superliga
Basisynformaasje
Namme 3 F Superliga
Stifte 1991
Lân flagge fan Denemark Denemark
Tal klups 12
Degradaasje nei 1. Division
Titelhâlder FC København
Webstee http://www.superliga.dk/

De Superliga, (Deensk: Superligaen, sûnt seizoen 2019/20 de offisjele sponsornamme 3 F SUPERLIGA) is de Deenske superliga en heechste difyzje fan it Deenske fuotbal. Yn de difyzje spylje tolve klups dy't trije kear yn 't jier tsjin inoar spylje. De Deenske superliga is oprjochte yn seizoen 1990/91.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Deenske Superliga waard yn 1991 oprjochte dy't de Deenske 1. Division ferfong as heechste difyzje yn Denemark. Nei it úteinsetten diene der 10 klups mei. It iepeningseizoen waard yn de maitiid fan 1991 spile mei de tsien klups dy't inoa twaris bespilen om de kampioenstitel. Fan de simmer fan 1991 ôf waard eltse spylseizoen twa jier lang makke. De tsien klups spilen inoar twaris yn it earste helte fan it toernemint en yn de folgjende maitiid, wurde de twa leechste klups degradearre. De oerbliuwende acht klups spylje inoar fannijs twa kear, dêr't se yn totaal 32 wedstriden it seizoen fan spylje.

Nei de seizoen fan 1995/96 waard de struktuer feroare en kamen der yn totaal 12 klups yn de Superliga te spyljen, dy't inoar trije kear bespylje mei in total fan 33 wedstriden it seizoen. Yn it earste seizoen wie Coca-Cola de haadsponsor en waard de Superliga de Coca-Cola Ligaen neamd. It twadde seizoen waard sponsore troch Faxe Kondi en de liga feroare syn namme ta Faxe Kondi Ligaen. Fan it seizoen 2001/02 oant 2009/10 wie Scandinavian Airlines (SAS) de haadsponsor en de namme fan de liga waard omneamd ta SAS Ligaen. Fan jannewaris 2015 oant mid 2018 wie de namme Alka Ligaen, nei de Deenske fersekringsmaatskippij Alka, dy't jierliks 12 miljoen Deenske kroan oan de liga útbetelle. Yn it seizoen 2018/19 wie der lykwols gjin sponsor en fan 2019/20 ôf waard de Deenske fakbûn 3F sponsor en waard de nammen 3F SUPERLIGA.

Kompetysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lokaasjes fan de klups út de Superligaen 2021/22

De Superliga wurdt fan it seizoen 1995/96 spile troch tolve klups. De kompetysje begjint ornaris yn july en einiget yn maaie, dêr't yn desimber en jannewaris in winterskoft by holden wurdt. Yn de kompetysje wurde der 22 wedstriden bespile. Dêrnei wurde der play-offs (slutspil) holden om de kampioens- en degradaasjegroep te bepalen.

Nei 22 wedstriden begjint de kampioensgroep mei de boppeste seis klups dy't noch twaris tsjinioar spylje. De klups yn dy groep spylje 32 wedstriden yn it gânse seizoen. De winner fan de kampioensgroep wurdt lânskampioen fan Denemark (Danmarksmester) en kwalisifearret him foar de kwalifikaasje-omgongen fan de Champions League. Ek de twadde klup kwalifisearret him foar de tredde kwalifikaasje-omgong fan de Chiampions League.

De degradaasjegroep, sân oant en mei tolve, spylje nei de 22 reguliere wedstriden yn de kwalifikaasje-omgongen om degradaasje te mijen. De twa leechst einigjende klups yn de degradaasjegroep sakje ôf nei de 1. Division. Der binne gjin promoasje- en degradaasjewedstriden.

Kampioen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]