Sudertsjerke (Drachten)
Sudertsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
Provinsje | Fryslân | |
plak | Drachten | |
adres | Burgemeester Wuiteweg 71 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
subtype | Krústsjerke | |
boujier | 1925 1984 (restauraasje) 2021(renovaasje tsjerkeseal) | |
arsjitekt | J. Bosma | |
oare ynformaasje | ||
kosten | om de 70.000 gûne |
De Sudertsjerke is in tsjerkegebou yn Drachten, gemeente Smellingerlân, yn Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krústsjerke mei portaal en de besiden steande toer waard werd yn 1924-1925 boud neffens plannen fan J. Bosma. Ta de bou waard besletten doe't de Noardertsjerke nei in pear ferbouwings docht te lyts wie om it oanwinnend tal grifformearde leden te herbergjen. De grifformearde tsjerke en pastorij, in ûntwerp fan arsjitekt T. van der Kooi, binne in gemeentlik monumint.
It oargel út 1904 waard makke troch Maarschalkerweerd & Soan foar de Adelstsjerke (sloopt yn 1984) yn Ald Beets. It oargel waard yn 1957 oerbrocht troch de firma Reil.[1] Dêrfoar fersoarge it korps Crescendo 34 jier lang de begelieding fan de gemeentesang.
Yn 2021 waard de tsjerkeseal hielendal ferboud. De grutste feroaring wie it fuortheljen fan de kreake mei fan gefolgen dat de tsjerke in stik ljochter waard. It liturgysk sintrum waard fergrutte en krige in rûne foarm yn't plak fan in fjouwerkante. It meubulêr fan it liturgysk sintrum waard ferfongen troch dat fan de Menorah dy't yn 2021 troch de Protestantske Gemeente Drachten ôfstjitten waard.[2]
-
Gevelstien mei Psalm 84:11
-
Tsjerke en pastorije
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zuiderkerk, Drachten fan Wikimedia Commons. |