Strjitten yn Langwar
Appearance
De Strjitten yn Langwar:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Apelhof - Popke de Boer hie hjir, neist it gemeentehûs, eartiids in apelhôf
- Auke Pierstjitte - Auke Piers Grondsma (1860-1942) wie feekeapman en doarpsdichter.
- Bast-Bakkerpaad - Johannes Bast en Pieterje Bakker hienen in grientewinkel yn Snits en wennen op harren âlde dei yn Langwar. By testamint lieten se F 100.000 nei oan de gemeente foar de oanlis fan in park. It letter boude park waard letter ferfongen troch in rekreaasjeterrein.
- Boarnsweachsterdyk - rint fan Langwar nei Boarnsweach
- Breedyk - fan Hústerheide nei Langwar, earder mei brechjes nei de huzen.
- Buorren - it sintrum fan Langwar
- De Molier - by dizze wei lâns rint de tochtsleat De Molier nei de mole yn Boarnsweach.
- Doniapark - kompleks rekreaasjewenten nei de yn 1984 ophefte gemeente Doanjewerstâl.
- Doumastate - bedriuwsterrein dêr't al yn 1577 Doumastate stie. De state stie op it plak fan herberch De Wielen en waard yn 1845 ôfbrutsen. Yn 1909 waard op it stee it molkfabryk boud. Nei sluting yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw waard it in hotel en dêrnei herberch. Dielen fan de âlde gevel mei pylders waard brûkt foar de bou fan kafee Spannenburch.
- Efterom - de haven fan Langwar rûn eartiids oan de Buorren ta. Nei dimping krige it de namme Efterom.
- Foekjesteech - nei Foekje Freerks Postma (1820-1900), widdo fan Piter Klazes van Dijk dy't nei syn ferstjerren trochbuorke.
- H.R. Vierstrastrjitte - Hendrik Riekles Vierstra (1838-1909) wie boerearbeider en frijfeint; hy legatearre f 2500,- oan Doanjawerstâl. Fan de rinte moast op 30 maaie, (syn jierdei) feest fierd wurde. Der bestiet in Vierstraliet en syn portret en findel hingje yn de doarpsskoalle.
- Hendrik Dijkstraleane - Hendrik Dijkstra (1895-1976) wie fan 1933-1970 riedslid en wethâlder fan Doanjewerstâl.
- Hoannekamp - yn 1965-1966 oanlein op in sompich stik lân mei in hoantserid.
- Houtfeartwei - rint lâns de Houtfeart, de feart waard brûkt foar ferfier fan hout út de Haulster bosken.
- Kûfurderhûs - nei de pleats mei dizze namme oan dizze dyk nei de Kûfurd.
- Langwarderdyk - dyk nei Hústerheide.
- Legemarstersingel - oanlein op in stik fan de Houtsingel nei Legemar.
- Lyts Dykje - smelle dyk nei Diken as tsjinstelling mei de brede dyk nei Hústerheide.
- Oasingaleane - nei de Osingastate dy't yn 1940 ferboud waard ta gemeentehûs fan Doanjewerstâl en sterk liket op de 18e-iuwske state.
- Pontdyk - nei de pont oer de Langwarder Feart rjochting de A7.
- Stevenshoek - Steven Gerryts wie in begoedige "houtschuijtvaarder" en winkelman yn Langwar ± 1750.
- Swannestrjitte - Yn it doarpswapen fan Langwar steane trije swannen. Ek op de tsjerketoer stiet in swan.
- Tsjillânleane - de Tsjoelelannen wienen lannen fan de tsjerke, dy't ek de pacht ynden. tsjoele=tafel, en de pachtopbringst wie bedoeld om de dûmny fan te beteljen sadat dy brea op tafel hie.
- Weversstreek - de famylje wever wenne hjir tusken 1725-1800.
- Wieling - Unbekende komôf, gjin ferbân mei wiel as draaikolk.