Springe nei ynhâld

Strjitten op De Rottefalle

Ut Wikipedy

De Strjitten op De Rottefalle:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

De Buorren
  • Ald Daam - Alde namme foar inkele huzen ten easten fan De Boppeste. De eigeners op it boppewetter hawwe yn ± 1813 in daam lein op it plak fan it Boppester Fallaat.
  • Ambachtsloane - It earste wen/wurkgebiet fan 'e Rottevalle realisearre yn it oanloopgebiet nei it doarp ta.
  • Arendswyk - nei de wyk fan in man mei de namme Arend
  • Bildreed - sânpaad oer 'bild' dat hjir bollizzend lân betsjut, mooglik út De Leien opspield.
  • Bildwei - Dit is it diel fan de Buorren oant de grins fan Tytsjerksteradiel. In âlde benaming is it ‘kattegat'
  • Brouwersgrêft - rint fan kafetaria De Lits (eartiids Brouwershoeke) oant de Bildwei.
  • Buorren - eardere haadstrjitte fan it doarp
  • De Boppeste - Dit is fanâlds bekend as “de Boppeste Rottefalle”.
  • De Bosk - Alde namme foar it hoekje, dêr't in pear huzen steane, ten westen fan de Rydwei. Eartiidsk hat hjir bosk west. No is der noch it “Hedzerboskje” ûnder De Pein.
  • De Fintsjes - âlde namme foar de stikjes lân dy't ûngefear op it plak leinen dêr't no dizze strjitte leit.
  • De Houtkamp - Heech lizzend stik lân oan de Lits dat troch in Harmen J. de Jong, skipper en houtkeapman út 'e Rottefalle († 1882) brûkt waard as opslachplak foar hout om dit letter per skip te ferfieren.
  • Efterwei - Besteande âlde namme, grif omdat dizze wei bûten it doarp leit.
  • Foudenswei - De Foudenslannen wienen stikken lân dy't eigendom wienen fan de fouden
  • Haven - Hjir wie earder de oersslach foar de skipfeart.
  • Havenwei - ferbiningswei fan de Bildwei nei de Haven.
  • Hegedoar - âlde beneaming, komt al yn de 17e iuw foar. Komôf net bekend.
  • Heidbuorren - De âlde namme foar it fan west nei east rinnende diel fan de bocht oant de âlde bysûndere skoalle. Bestie as wei al om 1850 hinne. Op in âlde kadasterkaart oantsjutten as heidebuert.
  • Houtigehaachstwei - rint fan de Foudenswei nei De Houtigehage.
  • Kompanjonswei - neamd nei de “Compagnons der Rottevalster Vaarten en het Vallaat”.
  • Master de Vrieswei - master De Vries wie ûnderwizer fan 1894 - 1935 en in foaroansteand Rottefalster.
  • Master Dijkstrawei - Master Dijkstra wie fan 1901 - 1934 haad fan de kristlike skoalle op 'e Rottefalle.
  • Master Keuningwei - Master Heine Keuning hat in soad foar it doarp betsjutten. Hy wie Steatelid en Twadde Keamerlid en die war foar it Frysk. Sa stie hy oan de widze fan de twatalige skoalle.
  • Master Kuiperswei - Jan Kuipers wie in bekend persoan dy't fan 1877 - 1916 haad fan de iepenbiere skoalle wie op 'e Rottevalle.
  • Mûnein - leit yn it ferlingde fan de haven en oan de Lits. Is neamd nei de âlde standertmûne dy't hjir earder stie.
  • Muldersplein - Jan Mulders, earder postkantoarhâlder, hat in soad foar it ferieningslibben betsjutten. Hy hat ek jierrenlang wethâlder fan Achtkarspelen west.
  • Mûntsgroppe - Dit is de skieiding tusken Buwe-Kleaster en Eastermar-Wytfean. Is mooglik oanlein troch de mûntsen fan it Buwekleaster yn Achtkarspelen en it kleaster fan Smalle Ie.
  • Nije Buorren - ferbiningswei tusken Buorren en Kompagnonswei.
  • Rydwei - namme waard al yn de 17e iuw brûkt foar it ferlingde fan de Efterwei rjochting Nijtap.
  • Skeanpaad - âld ferbiningspaad tusken de Buorren en Foudenswei