Streektalen fan Nederlân en Flaanderlân
De Streektalen fan Nederlân en Flaanderlân binne de lânseigen talen dy't dêr njonken it Nederlânsk praat wurde.
Standerttaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederlânsk is de offisjele taal fan Nederlân en Flaanderlân. It is dan ek tige dominant yn prestisjeuze situaasjes. It wurdt praat troch politisy, op skoallen en yn de hannel, as dêr al gjin Ingelsk praat wurdt.
Njonken dizze standerttaal, dy't fral konstruearre is út de Frankyske dialekten, wurdt der noch op ferskate oare wizen praat yn Nederlân en Flaanderlân. Foar in part binne dat frjemde talen, talen fan ymmigranten en Frânsk en Ingelsk ûnder oaren as ynternasjonale talen. Foar in oar part binne dat lânseigen farianten, dy't fan "in pear taalfouten mei in sprekskansearring" oant histoarysk en systematysk dúdlik aparte talen rinne.
Benammen de Hollânske dialekten, lykas it Amsterdamsk, ferskille net folle fan de standerttaal. Oan de oare kant fan it spektrum fine wy it Frysk, dat yn de oarsprong gjin oar ferbân mei it Nederlânsk hat, as dat it beide Westgermaanske talen binne.
Jeropeesk Hânfêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden hat Nederlân it Frysk as mindertalstaal erkend. Dit betsjut ûnder oaren dat it Frysk, yn it gebiet dêr't it praat wurdt, deselde rjochten hat as it Nederlânsk. Fierders binne it Nedersaksysk en it Limburchsk erkend as streektalen, wat se net ta rykstalen makket, mar de oerheid al ferplichtet ta it fuortsterkjen fan dy talen. Om't in eask fan it hânfêst is dat de talen in skiednis ûnôfhinklik fan de standerttaal hawwe moatte is der gjin erkenning foar Hollânsk, Brabânsk of Siuwsk. Belgje hat it hânfêst net ûndertekene.
Wurdboeken en -listen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien kritearium foar it ferskil tusken in taal en in dialekt, dat fral yn it ferline in soad brûkt waard, is of der in wurdlist of -boek fan dy taal is. Foar tal fan talen yn it taalgebiet fan it Nederlânsk is dat al it gefal. Under oaren:
- Frysk - Frysk wurdboek; ISBN 90-6066-440-X / ISBN 90-6066-441-8
- Limboarchs - "De taal van de Maas"; ISBN 90-75249-01-2
- Nedersaksysk
- Drintsk - Woordenboek van de Drentse dialecten; ISBN 90-232-3176-7 / ISBN 90-232-3177-5
- Grinslânsk - "Nieuw Groninger woordenboek"; ISBN 90-6243-105-4
- Twintsk - Twents woordenboek; ISBN 90-70986-72-8
- Nederlânsk - Grote Van Dale; ISBN 90-6648-421-7