Steur fan Nijewier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De 'Steur fan Nijewier' útstald yn Boarters- en Bistepark SanjesFertier

De Steur fan Nijewier is de steur (Acipenser sturio) dy't earst yn de grêften fan Dokkum sjoen waard en op 7 septimber 1860 yn de opfeart fan Nijewier fongen waard. It bist hie him grif mei in boat skutte litten yn de Nijewierster Feart. Dat smelle wetter gie foarby Nijewier oer yn de Alde Peazens en waard drok befearn troch skûtsjes.

Begjin septimber 1860 gie yn de omkriten fan Nijewier praat oer in ontzaggelijk groote visch dy't yn de Peazens sjoen wêze soe. Op 5 septimber waard er yn de Nijwierster Opfeart sinjalearre. In keppel manlju besocht it bist de oare deis te fangen. Op tongerdei 6 septimber mislearre it trochdat kneppels en heafoarken net geskikt blieken. De oare deis, freed 7 septimber, middeis om ien oere krige men him te pakken. De Nijewierster Feart waard ôfsetten mei eiden en koalsiedsekken en it bist waard fan de iene kant nei de oare jage om him ôf te mêdzjen. Uteinlik slagge it Klaas de smid om him op de wâl te krijen. It noch libbene bist waard woegen en metten. De lingte wie 2,60 m., de omfang 1,117 jellen en hy woech 80 Nederlansche ponden (dat is yn it metrysk stelsel fan no 80 kg). De steur waard waard in skoft útstald yn in mei wetter folde pream sadat eltsenien him besjen koe. In pear dagen letter wie er dea.

It fleis, faaks ek de kaviaar, waard ferkocht oan begoedige Kollumers. De hûd waard drûge en opstoppe mei reid. Op it plak fan de kiuwen waard reade baai (reade tabak) stoppe.

It opstoppe bist hat oant 1974 op in pear skreagen yn de eardere trochreed fan Nijewier hongen, foar kafee 'De Steur' oer. Doe't de trochreed ôfbrutsen waard krige de fisk yn de santiger jierren in plakje yn doarpshûs 'Nij Sion'. It bist waard earst profesjoneel preparearre, de reiden stutsen der ommers oan alle kanten út. Nei de ferbou fan "Nij Sion" yn 2011 hie de fisk gjin fêst plak mear, mar 26 maart 2013 waard er nei it Natuerhistoarysk Museum Bruinenberg by Boarters- en Bistepark SanjesFertier ûnder De Westereen brocht, dêr't er foarearst in fêst plak hat.[1]

De steur is in soarte fan symboal fan Nijewier wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Doarpskrante fan Nijewier