Springe nei ynhâld

Heafoarke

Ut Wikipedy
Man mei in twatyn
In trijetyn

In heafoarke is in stik lânbouark om dingen as hea en strie op ienfâldige wize fan it iene nei it oare plak te bringen. It ark hat de foarm fan in foarke.
In heafoarke hat in lange stâle mei twa (in twatyn) as trije tinen (in trijetyn). De lange stâle is nedich om de mannichte hea as strie heech op de heawein te smiten.

De heafoarke hat in soad fan de dongfoarke, mar de lêste hat meast fjouwer tinen en in koartere stâle, faak mei in hângreep.