Stasjon Grins Europapark
Stasjon Grins Europapark station Groningen Europapark | ||
Stasjon Grins Europapark yn 2013 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Grins | |
plak | Grins | |
adres | Harm Buiterplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Gerp | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 oktober 2007 | |
boujier | 2012 | |
arsjitekt | Movares | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline B Steatsline C | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Grins Europapark (Gerp) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske stêd Grins. yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 2007 oan de Steatslinen B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) en C (Meppel - Grins). It stasjon waard earst op in tidlike lokaasje iepene oant yn 2012 de definitive lokaasje ree kaam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjon soe eins yn 2006 iepene wurde, mar dat wie net helber. Op 1 oktober 2007 waard in tydlike halte mei in stopplak foar bussen en in kiss-and-ride-halte iepene. It wie in ienfâldich perron oan ien kant fan it spoar, dêr 't allinnich de stoptreinen fan Arriva tusken Grins, Bad Nijeskâns en Lier stopten.
De iepening fan it definitive stasjon op hichte fan de Euroborg wie foarsjoen foar desimber 2011, mar yn 2010 die bliken dat ek dizze datum net helle wurde soe. Pas op 4 oktober 2011 waard úteinset mei de feitlike bouwurksumheden. Op 9 desimber 2012, by it yngean fan de tsjinstregeling 2013, is it definitive stasjon yn gebrûk naam. Der stopje sûnt dy tiid treinen fan de Steatsline C as Steatsline B op it stasjon.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjon is ûntwurpen troch advys- en yngenieursburo Movares. Karakteristyk foar it gebou is de grutte titanium stasjonskap mei in oerspanning fan 36 meter. De kap bestiet út twa sydfleugels mei oerkragingen fan hast 11 meter en in spanwiidte fan 13 meter. Alle kamera's, ferljochting en liedingen waarden hast folslein yntegrearre yn dizze fleugels, dy't ûnderling ferbûn wurde troch in glêzen middenpart dat deiljocht talit.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
8100 | Sprinter (NS) | Swol – Meppel – Assen – Europapark – Grins | |
RS 6 20100 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Europapark – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – Lier | Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is. |
RS 6 37500 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Europapark – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns. |
RS 7 37800 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Europapark – Súdbroek – Feandam | |
RS 7 37900 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Europapark – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Rydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|