Stasjon Ermelo
Stasjon Ermelo station Ermelo | ||
Stasjon Ermelo yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Ermelo | |
plak | Ermelo | |
adres | Dokter van Dalelaan 9 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Eml | |
iepening | 1 juny 1882 | |
boujier | 1882 1e stasjonsgebou 1897 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1960 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1882 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1897 Arsjitekt ûnbekent 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Sintraalspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Ermelo (Eml) is in spoarstasjon yn de Nederlânske doarp Ermelo yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1882 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarstasjon fan Ermelo wie in lyts gebouke fergelykber mei dat fan Stasjon Hulshorst. It ienfâldige rjochthoekige gebou hat op 'e begeane grûn alle needsaaklike stasjonsfoarsjenningen en op 'e earste ferdjipping in wenning foar de stasjonsjef. Yn tsjinstelling ta Hulshorst hat Ermelo in dak mei in knik. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1960.
It de stasjonsfunksje fan it earste stasjonsgebou waard al yn 1897 ferfongen troch in nij gebouke ûnder in oerkaping op it perron. Yn dat gebou sieten loketten, in bagaazje-ôfdieling, twa wachtromten en húskes. it oarspronklike stasjonsgebou út 1882 bleau noch oant 1960 yn gebrûk as wenhûs. It stasjonsgebou út 1897 is hjoed de dei yn gebrûk as ytgelegenheid.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5600 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Ermelo – Swol |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|