Springe nei ynhâld

Stasjon Almeare Muzykwyk

Ut Wikipedy
Stasjon Almeare Muzykwyk
station Almere Muziekwijk
Stasjon Almeare Muzykwyk yn 2002
Stasjon Almeare Muzykwyk yn 2002
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Flevolân
Gemeente Almeare
plak Almeare
adres Strawinskypad 100b
arsjitektuer
stasjonskoade Almm
iepening 30 maaie 1987
boujier 1987
arsjitekt Peter Kilsdonk
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Flevoline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Almeare Muzykwyk (Almeare)
Stasjon Almeare Muzykwyk

Stasjon Almeare Muzykwyk (Almm) is in stasjon oan de Flevoline yn Almeare yn it stedsdiel Almeare Muzykwyk yn de provinsje Flevolân.

It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk. It stasjon hat twa brede perrons mei twa lange perronkappen. Oan beide siden binne hellingbanen, en de twa wichtichste treppehuzen binne oerdutsen en ôfskerme mei glêzen muorren. Beide treppen binne om in betonnen klokketoer hinne boud. Under it spoarweifiadukt is in stasjonshal mei foarsjenningen.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4300 Sprinter (NS) HoofddorpSkiphol AirportAmsterdam SúdWeespAlmeare MuzykwykAlmeare SintrumAlmeare BûtenAlmeare Oostvaarders
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmeare MuzykwykAlmeare SintrumAlmeare BûtenLelystêd SintrumSwol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.
4900 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomAlmeare MuzykwykAlmeare Sintrum Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900.
14900 Sprinter (NS) Almeare SintrumAlmeare MuzykwykHilfertsomUtert-Sintraal Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: