Stasjon 't Harde
Stasjon 't Harde station 't Harde | ||
Stasjon 't Harde yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Elburch | |
plak | 't Harde | |
adres | Eperweg 1291r | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hde | |
iepening | 20 augustus 1863 | |
boujier | 1863 1e stasjonsgebou 1979 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1979 1e stasjonsgebou 2005 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1911 N.J. Kamperdijk 1e stasjonsgebou 1979 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Sintraalspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon 't Harde (Hde) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp 't Harde yn de gemeente Elburch yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1863 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan 't Harde wie in standertstasjon fan de NCS, in stasjon fan it type twadde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de twa stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk (1815 - 1887). Yn 1903 fergrutte mei oan wjerskanten in fleugel, De linkerfleugel waard brûkt foar fracht en de rjochterfleugel befette de wachtromte 3e klasse. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1979.
It stasjon waard yn 1979 ferfongen troch in nij gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In lyts geboutsje mei in opfallend tsjok dak mei ôfrune rânen. It nije geboutsje wie better keppele oan reizgerstunnel. It twadde stasjonsgebou waard yn 2005 ôfbrútsen en ferfongen troch in tal abry's, de tunnel is al behâlden bleaun. It stasjon hat gjin liften, reizgers mei in rolstoel kinne it twadde perron berikke fia de oerwei yn de Eperweg en de P+R.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5600 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – 't Harde – Swol |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|