St Clement Danes

Ut Wikipedy
Sint-Klemenstsjerke

St Clement Danes

Lokaasje
lân Ingelân
koördinaten 51° 30' N 0° 6' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ingelân
Oekumenysk foar de RAF
patroanhillige Sint-Klemens
Arsjitektuer
arsjitekt Christopher Wren; James Gibbs
boujier 1680-1682
boustyl barok
monumintale status Grade I listed building
Webside
stclementdanesraf.org
Kaart
St Clement Danes (Londen)
St Clement Danes

St Clement Danes is in Anglikaansk tsjerkegebou yn 'e City of Westminster yn 'e Ingelske haadstêd Londen. De lokaasje fan 'e tsjerke is krekt bûten de Royal Courts of Justice oan it Strand. Alhoewol't de earste tsjerke op it plak stifte waard yn 'e 9e iuw troch de Denen, waard it hjoeddeiske gebou neffens in ûntwerp fan Christopher Wren foltôge. Wren's tsjerke baarnde yn 'e Blitz ôf en waard oant 1958 restaurearre. Sûnt is de tsjerke in tsjerkegebou fan de Royal Air Force.

De tsjerke dûkt op yn it bernerymke Oranges and Lemons en de klokken fan 'e tsjerke spylje in dêrby passende melody. De St Clement's Eastcheap yn 'e City fan London makket lykwols ek oanspraken de tsjerke te wêzen fan it widzesankje. St Clement Danes is ien fan 'e twa saneamde Island Churches, de oare tsjerke mei dy titel is St Mary-le-Strand.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brân yn 1941.

De earste tsjerke op it plak soe troch de Denen boud wêze, doe't dy neffens in populêre teory harren yn it doarp Aldwych oan 'e rivier tusken Londen en it lettere Westminster nei wenjen setten. Dat wie yn in tiid dat heal Ingelân Deensk wie en Londen op 'e grins fan it Deenske en it Ingelske diel lei. Dit is de ferklearring wêrom't oan 'e namme fan 'e tsjerke (Latynsk: Ecclesia Clementes Danorum) it wurd Danes tafoege waard. In oare teory wol ha dat kening Alfred it de Denen tastie in tsjerke te bouwen nei't Alfred de Grutte har werom út Londen dreaun hie en hja it kristendom oannamen. Hoe dan ek, yn alle twa gefallen lieten de Denen, in seefarrend folk, harren tsjerke ferneame nei Sint-Klemens, de patroanhillige fan de seelju.

De tsjerke waard letter wer opboud troch Willem de Oermasterer en dêrnei yn 'e midsiuwen nochris. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard der noch in nij koer oer in diel fan it tsjerkhôf boud en efkes letter noch renovaasjes oan de toer en oare dielen fan 'e tsjerke útfierd. Mar nei de grutte brân fan 1666 wie de steat fan de tsjerke sa min, dat der besletten waard om de tsjerke folslein nij op te bouwen. Tusken 1680 en 1682 fûn der in nijbou fan 'e Klemenstsjerke plak, wêrby't de toer yntegrearre en op 'e nij beklaaid waard. Yn 1719 waard der in spits fan James Gibbs oan 'e toer tafoege.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich baarnde de tsjerke troch de Dútske bombardeminten op 'e stêd folslein út. De muorren en de toer bleaune stean, mar it fjoer fertarre it hiele ynterieur. De tsien klokken fan de tsjerke stoarten troch de hjittens nei ûnder en waarden neitiid opslein, om letter, nei de oarloch, wer op 'e nij getten te wurden.

Sintrale tsjerke fan de Royal Air Force[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.

Nei't de Royal Air Force in oprop dien hie om jild foar de útbaarnde tsjerke yn te sammeljen, waard it gebou wer hielendal ûnder lieding fan Sam Lloyd restaurearre. Op 19 oktober 1958 fûn de konsekraasje fan 'e tsjerke plak as de Central Church of the Royal Air Force. Der wurde regelmjittich tsjinsten organisearre om oangelegenheden fan de RAF te betinken.

Yn en om 'e tsjerke binne tal fan saken dy't de hjoeddeiske funksje fan 'e tsjerke ûnderstreekje. Sa steane foar de tsjerke de bylden fan Arthur Harris en Hugh Dowding. De flier fan 'e tsjerke is belein mei wol mear as 800 ynsynjes fan eskaders, groepen en kommando's ensafuorthinne fan 'e RAF.

Alter.

De Poalske piloaten en eskaders dy't meiholpen om it Feriene Keninkryk te ferdigenjen en it kontinint te befrijen fan Nazy-Dútslân wurde yn 'e flier fan it noardlike skip betocht. Alle nammen fan it RAF-persoaniel dy't yn harren tsjinst by de RAF ferstoaren en it yn it Feriene Keninkryk stajonearre loftpersoaniel dat yn 'e Twadde Wrâldkriich it libben liet wurde hjir yn it Books of Remembrance byholden.

Ferskate folken hawwe bydroegen oan 'e oanklaaiing fan 'e tsjerke. It doopfont fan 'e tsjerke waard troch Noarske loftmacht jûn. De lessener wie in geskink fan de Keninklike Australyske Loftmacht en it alter in bydrage fan de Nederlânske ambassade. Belgje droech by oan 'e kandelaar fan 'e peaskekears.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige oargel waard yn 1958 ferfongen troch in nij ynstrumint fan Harrison & Harrison. De United States Air Force makke de bou fan it oargel mooglik en it front is in replika fan it yn de kriich ferneatige oargel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Clement Danes