St. Leodegar im Hof
Sint-Leodegartsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Luzern | |
plak | Luzern | |
adres | St. Leodegarstrasse 6, 6006 Luzern | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1633-1639 | |
boustyl | gotyk, lette-renêssânse | |
offisjele webside | ||
side parochy |
De Sint-Leodegariustsjerke yn it Hôf (Dútsk: St. Leodegar im Hof) is de wichtigste tsjerke fan de Switserske stêd Luzern. De tsjerke is de haadtsjerke fan de parochy mei deselde namme en is tagelyk de tsjerke fan it stift Sint-Leodegarius. De tsjerke waard yn de jierren 1633-1639 foar in grut part op de fûneminten fan de doe ôfbaarnde romaanske tsjerke boud en moat beskôge wurde as yn fan de belangrykste tsjerken út de Dútske lette-renêssânse. It is ien fan de seldsume tsjerken, dy't yn de Tritichjierrige Kriich noardlik fan de Alpen boud waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke waard yn 735 in lyts oan Sint-Mauritius wijd kleaster stifte. Der kaam yn 800 in ein oan it kleaster, oant troch abt Wichard yn 850 it wer ûnder de regel fan Benediktus steld waard. Oant 1135 wie it in selsstannich kleaster, mar waard fanôf dat jier in bûtenhôf fan de abdij Murbach, dy't de patroanhillige fan it kleaster feroarje liet yn de hillige Leodegarius. De abdij ferkocht it kleaster yn 1291 oan de Habsburgers. Yn 1433 krige de stêd wer alle rjochten oer it kleaster en yn 1455 waard it benediktynske kleaster yn in koarhearenstift feroare.
It stift makke yn de tiid fan de Kontrareformaasje in grutte bloei troch. Luzern bleau yn de tiid fan de reformaasje in katolyk bolwurk en liede it ferset fan de katolike kantons tsjin de nije lear, dy't rûnom yn Switserlân woartel skeat. De stêd waard residinsje fan de pauslike nuntius, dy't de Hôftsjerke as syn katedraal brûkte. Yn 1874 waard de parochy oprjochte en as gefolch dêrfan de ferhâldings tusken it koarhearenstift en de parochy regele.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it begjin fan de tsjerke is hast neat bekend. Yn de twadde helte fan de 12e iuw waard in romaanske tsjerke mei twa tuorren boud. Yn de rin fan de iuwen waard de tsjerke fergrutte en langer makke.
Op de jûn foar Peaskesnein, op 27 maart 1633, krige immen fan in koarhear it fersyk om oerlêst besoargjende ka's dy't nestelen yn de tuorren ôf te sjitten. It sjitten op de fûgels hie ek gefolgen foar it droege hout fan de tsjerke en sa kaam it dat de brân ûntstie en de hiele tsjerke op de tuorren nei oant op de fûneminten ôfbaarnde. De tsjerkeskat, in fesperbyld en it reliëf fan it saneamde Maria-End-Altar koe noch op 'e tiid rêden wurde. Op de ramp folge fuort it beslút om de tsjerke wer op te bouwen, dat ûnder lieding fan de jezuyt Jakob Kurrer (1585–1647) út Ingolstadt plakfûn.
De earste misse koe al mei Peaske 1638 wer opdroegen wurde. De offisjele ynwijing fûn lykwols plak nei't ek de dekoraasjes en fersierings oan de tsjerke oanbrocht wiene.
Yn de rin fan de tiid is der oan de tsjerke in soad renovearre en restaurearre. Foar it lêst waard it ynterieur yn 2000-2001 ûnder hannen nommen. Dêrby waard de tsjerke fan alle smoargens befrijd en de hiele alterromte op 'e nij ynrjochte mei in troch Kurt Sigrist makke alter fan swarte basalt op in reade flier. Op Palmsnein, 8 april 2001, waard de tsjerke troch biskop Kurt Koch plechtich ynwijd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 69 meter hege goatyske tuorren hingje acht klokken, wylst yn de koertuorkes noch ris fjouwer klokken hingje. De westlike gevel tusken de beide tuorren datearret fan 1633 en toant renêssânse en barokke stylfoarmen. Boppe de tagong is in wapen oanbrocht mei oan beide kanten de hilligen Leodegarius en Mauritius. Achter it byld fan de ingel Michael op de twadde ferdjipping leit de Michaelkapel, dy't troch de twa grutte finsters en it roasfinster ferljochte wurdt. It portaal hat in krúsferwulft en de beide houten tagongsdoarren toane op 'e nij de beide patroanen fan de tsjerke.
De byldhouwer en arsjitekt Niklaus Geisler (1585–1665) fersoarge de ynrjochting fan de tsjerke en levere it byldhouwurk foar de alters, it koerstuolte en de fierdere ynrjochting fan de tsjerke.
It heechalter waard skonken troch de doedestiidske nuntius Ranuccio Scotti, dy't graach in wurk neffens in romeinsk foarbyld yn de tsjerke hawwe woe. It fan swarte moarmer makke heechalter hat in skilderij fan Giovanni Lanfranco (1582–1647), dy't Jezus op de Oliifberch foarsteld mei in ingel dy't Him in tsjelk foarhâldt. It trijedielige koerstek is mei in soad each foar details tusken 1641 en 1643 makke troch Johann Reiffel út Konstanz.
It saneamde Maria-End-Altar stiet yn it noardlike sydskip en waard by de brân yn 1633 op 'e tiid út de tsjerke helle. It Seel-Altar toant op in reliëf de stjerrende Marije mei om har hinne de apostels. In oar sydalter toant de krúsôfname fan Jezus. De piëta dy't yn dat alter yntegrearre waard is ek in keunstwurk dat by de brân fan 1633 rêden waard.
Niklaus Geisler en syn feinten wurken fan 1639 oant 1641 oan it koerstuolte. Boppe it koerstuolte wurdt in foarstelling fan de Ferkundiging útbylde. Tsjintwurdich bidde de koarhearen fan it stift alle dagen de laudes en fespers yn it koerstuolte.
It bankenplan fan de tsjerke stamt út 1637-1640 en heart dat it âldste planmjittich oardene bankenplan fan Switserlân.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Grutte Hôfoargel giet werom op in ynstrumint út 1648 fan Johann Geisler út Salzburg. Dêrfan bleau it front fan Niklaus Geisler yn de oarspronklike steat bewarre, mar it front fan it rêchposityf is in rekonstruksje út 1972. Yn 1862 fergrutte Friedrich Haas it oargel en yn 1972-1977 is it ferboud, restaurearre en fergrutte troch de oargelboufirma Kuhn. Yn 2015 waard in echowurk tafoege. It 7374 pipen tellende ynstrumint hat tsjintwurdich 111 registers op fiif manualen en pedaal. Dêrfan stamme 19 registers fan it Geisler-oargel (1648) en 50 registers fan Friedrich Haas (1862).
It koeroargel waard yn de jierren 1842-1844 troch de oargelbouwer Thomas Sylvester Walpen (1802–1857) boud. It ynstrumint hat 27 registers op twa manualen en pedaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Leodegar im Hof
|