Springe nei ynhâld

Grot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Spelonk)
Dripstienfoarmen yn 'e Lechuguilla-grot yn Nij-Meksiko.

In grot (fan it Frânske grotte), spelonk (fan it Latynske spelaeum) of rotshoale is in natuerlik foarme ûnderierdske romte yn rotseftige grûn. Dêrby giet it gauris om in gruttere romte. Wannear't sa'n soarte ûnderierdske romte lytser, nauwer en/of dreger tagonklik is of wurdt, sprekt men fan in holte. Ien grot kin út ferskate gruttere romten (of 'sealen'), gongen (of 'galerijen') en holten bestean. Faak binne der ek ferskate yngongen. In grot kin sadwaande in wier doalhôf wêze en reuseftige ôfmjittings oannimme. De langste grot fan 'e wrâld (ynsafier bekend) is Mammoth Cave yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, mei in totale lingte fan 643 km. De djipste en teffens rjochtdelste grot fan 'e wrâld is de Voronjagrot yn Georgje, dy't in hichteferskil omfiemet fan 2.197 m tusken de yngong en it djipste punt. Yn 2013 wiene der wrâldwiid 97 grotten bekend mei in djipte dy't grutter wie as 1.000 m. De tûke fan 'e wittenskip dy't grotten bestudearret, is de speleology; grotte-ûndersikers wurde sadwaande speleologen neamd. Speleology is in ûnderdiel fan 'e geology.

Grotten wurde faak foarme troch de oplossing fan ûndergrûnske kalkstienlagen yn koalsoerhâldend wetter. Dêrmei is it dan in karstferskynsel. De measte fan sokke grotten binne foarme troch in ûndergrûnske rivier. As se tsjintwurdich noch altyd streamend wetter omfiemje, sprekt men fan 'aktive grotten', is de rivier ferdwûn en de grot drûchfallen, dan sprekt men fan 'fossile grotten'. In bekend ferskynsel dat in protte yn grotten foarkomt, binne dripstiennen. Dat binne kegelfoarmige jûkels dy't troch drippend wetter foarme wurde en sawol hingjend as steand foarkomme kinne: hingjend op it plak dêr't it wetter fan it 'plafon' omleech dript, en steand op it plak dêr't de drippen op 'e flier fan 'e grot delkomme. Hingjende dripstiennen hjitte stalaktiten, wylst steande dripstiennen stalagmiten neamd wurde. De faasje wêrmei't sokke dripstiennen groeie, is stadich mar fariabel. Guon groeie ien sintimeter yn tsien jier, wylst oaren dêr tûzen jier oer dogge. As se âld genôch binne, kinne in stalaktyt en in stalagmyt oaninoar groeie; yn sa'n gefal sprekt men fan in dripstienpylder.

Utsjoch fan binnenút op 'e yngong fan de Grot fan Lombrives, yn Frankryk.

Foar in protte bistesoarten binne grotten in foarm fan húsfêsting dêr't se net sûnder kinne. Sokke bisten wurde troglofilen neamd. Men kin dêrby tinke oan flearmûzen, dy't nachts útfleane om op ynsekten te jeien, mar oerdeis hingjend oan it plafon fan grotten yn grutte koloanjes fan soms wol miljoenen eksimplaren sliepe. Oare bistesoarten komme útslutend yn grotten foar en sjogge nea it deiljocht. Dy bisten wurde troglobiten neamd. Faak binne dy útsûnderlik goed oanpast oan it libben yn oanhâldend tsjuster en binne harren eagen degenerearre om't se dêr yn grotten neat oan hawwe. In goed foarbyld dêrfan is de olm, in salamandersoarte út beskate grotten yn Sloveenje. Oare bisten hawwe oanpassings om yn it tsjuster har paad fine te kinnen, lykas swypspinnen, dy't sterk ferlinge foarpoaten hawwe dêr't se mei taaste kinne. Yn guon grotten yn Australaazje produseare de larven fan it langpoatesoarte Arachnocampa luminosa troch in gemysk proses dat bioluminesinsje hjit in blau-griene gloede, wêrmei't se proaien lokje. Yn 'e Waitomo-grotten fan Nij-Seelân is dy gloede sa spektakulêr, dat der op deistige basis hûnderten toeristen op ôfkomme.

Minsklike bewenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek minsken wenje al tsientûzenen jierren lang yn grotten. Yn it Paleolitikum hawwe sokke grotbewenners op ferskate plakken ymposante grotskilderings efterlitten, lykas yn 'e grotten fan it Súdfrânske Lascaux. Op guon plakken yn 'e wrâld wurde grotten oant hjoed de dei ta troch minsken bewenne. Yn Nederlân komme gjin natuerlike grotten foar, mar wurdt de term 'grot' wol brûkt foar de mergelstiengatten yn Súd-Limburch, dy't troch mynbou ûntstien binne. Ek dy hawwe wol tsjinne foar minsklike bewenning, ûnder mear yn Geulhem (gemeente Falkenburch oan de Geul).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.