Spekklup
Appearance
In spekklup wie in sparsysteem om de winter troch te kommen mei fleis. Sokke ferienings waarden op guon plakken oprjochte, ûnder oare yn Muntsjesyl, nei Grinslanner model.
De leden sparren alle wiken in lyts bedrach. Fan dit jild waarden bargen kocht dy't dan tsjin Sinteklaas slachte waarden. Op in feestlike gearkomst ferkocht men dan foar in bytsje jild de parsjes spek fan sawat 20 pûn ûnder de leden. Sa krigen ek de minder begoedige ynwenners 'wat fan it swyn' yn de hûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|