Springe nei ynhâld

Soli Brass Ljouwert

Ut Wikipedy

Soli Brass Ljouwert is in brassband út Ljouwert. FaBra Soli Brass waard oprjochte troch Tabe Annema yn 1936 as fanfareorkest ûnder de namme Muzykferiening Soli Deo Gloria en is ien fan de âldste muzykferienings yn Ljouwert.

Fan de jierren '60 ôf makke it orkest regelmjittich konsertreizen troch Dútslân, Switserlân, Ingelân en Eastenryk, de lêste kear yn 2003. Fral yn Switserlân hat Soli Brass in protte fans.

Sûnt 1997 hjit de brassband Soli Brass.

Perioade Sjoerd Nieuwland en feroaring nei brassband

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1957 feroare de muzykstyl fan fanfare nei brassband ûnder lieding fan de dirigint Sjoerd Nieuwland. "Soli Deo Gloria" spile doe in protte yn tsjerketsjinsten, konserten en foar de radio.

Dirigint Jan de Haan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 1974 naam de 22 jier jonge dirigint Jan de Haan it roer oer by "Soli Deo Gloria". Under syn lieding waarden in soad grutte konkourssúksessen helle, lykas:

  • Trijeris in plak by de earste trije by it Vara-Brass-band Festival 1979 oant 1981;
  • Fiifris behelle Soli Deo Gloria de Nasjonale Brassband titel;

Ek op oare kampioenskippen waarden goede resultaten helle, lykas op de Europeeske brassband kampioenskippen en it Wrâld Muzyk Konkours yn Kerkrade.

Yn it tf-programma "U zij de Glorie" fan de NCRV die Soli Deo Gloria twa seizoenen mei yn in produksje fan Jan de Haan. Ek nei syn ôfskie, ein 1994, wie er regelmjittich as gastdirigint by de konserttournees en by cd-opnamen fan Soli Brass.

Lêste desennia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt Jan de Haan dirigearren respektivelik Wiebe Buis, Thijs Oud, Piet Groeneveld en Piet Visser. Yn maart 2005 hat Frans-Aert Burghgraef it stokje oernommen by Soli Brass.

Ien fan de meast bysûndere projekten yn de skiednis fan Soli Brass wie yn 1998 de útfiering fan Gilbert Vintersk "The Trumpets", in kantate foar brassband en koar ûnder lieding fan Hoite Pruiksma.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]