Sniegoes
Sniegoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
'Anser caerulescens' | ||||||||||||
Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De sniegoes (Anser caerulescens) is in goes út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De soarte komt foar yn it noardeast fan Sibearje en Noard-Amearika en waard foar it earst yn 1758 as Anas caerulescens wittenskiplik beskreaun troch Carolus Linnaeus. It is ien fan 'e meast foarkommende fûgelsoarten fan Noard-Amerika. Ut en troch wurde wylde fûgels yn West-Europa waarnommen, yn 'e regel fûgels dy't út finzenskip ûntsnapt binne.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 65 oant 75 lange sniegoes mei in spanwiidte fan 133 oant 156 sm is wyt mei swarte fearren op 'e punten fan 'e wjukken. De poaten en snaffel binne rôze. De sniegoes is folle grutter as de lytse of Ross' sniegoes, dy't yn 'e selde kontreien foarkomt. Ek hat de gewoane sniegoes in swart snijrâne ûnder de boppesnaffel, dy 't de lytse sniegoes net hat.
Guon fûgels ha in donker fearrekleed mei in wite kop en boppehals. Foarhinne waard tocht dat se ta in oare soarte hearden, mar dat is net it gefal. De donkere foarm wurdt ek wol blauwe foarm neamd, alhoewol't dy donkere kleur ek brún/brúngriis weze kin. Beide foarmen komme trochinoar foar en der binne ek mingfoarmen.
Nuete guozzen (Anser anser forma domestica) yn stedsparken binne yn 'e regel hielendal wyt en as der al in tekening op 'e wjukken te sjen is, is dy yn 'e regel brún fan kleur, mar net swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op basis fan 'e geografyske fersprieding en grutte binne twa ûndersoarten fan 'e sniegoes bekend:
- A. c. caerulescens (Linnaeus, 1758) – de lytsere sniegoes (64 oant 79 sm); briedt yn noardeast Sibearje, noard Alaska en noardwest Kanada en oerwinteret yn it sud fan 'e Feriene Steaten, Meksiko en Japan.
- A. c. atlanticus (Kennard, 1927) – de gruttere sniegoes (trochstrings 79 sm) – briedt yn noardeast Kanada en noardeast Grienlân, oerwinteret yn it noardeast fan 'e Feriene Steaten.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e regel begjint de fûgel yn syn tredde jier te brieden. De pearkes wurde faak al in jier earder foarme. Wyfkes ha oanstriid om op it plak te brieden, dêr't se earder sels út it aai kamen.
Se bouwe ôfhinklik fan 'e snie tsjin 'e ein fan maaie of it begjin fan juny harren nêsten yn koloanjes. It wyfke siket it plak út en boud op in heger stikje grûn it nêst yn in holte mei wat plantemateriaal en nei it lizzen fan trije oant fiif aaien set se it ôf mei dûns. Nei 22 oant 25 dagen brieden, krûpe de piken út it aai en ferlitte dêrnei al gau harren nêst. Beide âlders beweitsje de jonge piken, mar se ite fuortendaliks sels. Nei 42 oant 50 dagen kinne se fleane, mar se bliuwe noch twa oant trije jier by harren âlders.
Trek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Snieguozzen dogge mear as in heal jier lang oan 'e trek nei de waarmere oerwinteringsgebieten. Yn 'e maitiid fleane grutte kloften op grutte hichte oer smelle rûtes werom nei de toendra om dêr te brieden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tal snieguozzen wurdt op 15 miljoen folwoeksen fûgels rûsd en it oantal nimt ta (ynformaasje Birdlife, 2024). Sûnt healwei de jierren 1970 is de populaasje mei mear as 300% tanommen, itjinge mooglik ek te krijen hat mei it omsetten fan bosk en prairje yn agrarysk lân yn 'e 20e iuw. Alle jierren nimt de populaasje fierder ta mei 5%.
Oan 'e ein fan 'e jierren 1990 waard fêststeld dat de populaasje skea feroarsake oan 'e arktyske en subarktyske briedgebieten, dêr't oare wetterfûgels en wylde bisten lêst fan ha. Sûnt de ein fan 'e jierren 1990 wurdt yn 'e Feriene Steaten en Kanada besocht it tal fûgels werom te bringen troch mear ôf te sjitten en de jachttiid langer te meitsjen. Dat hat lykwols noch gjin effekt hân op 'e totale populaasje fan 'e fûgels yn Noard-Amearika.
De Europeeske populaasje wurdt op 1.000 oant 2.000 pearkes rûsd. Dat binne lykwols meast fûgels, dy't út finzenskip ôfkomstich binne.
De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Snow goose
|
- Fûgelsoarte
- Goeseftige
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Wales