Smerp
Appearance
Smerp is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.
Smerp leit krekt besuden fan Stroe en noardwêst fan Hippolytushoef. Smerp is ien fan de âldste fjildnammen fan it eardere eilân Wieringen. Smerp is altiten lyts bleaun.
Noardlik fan it buorskip op it tsjerkhôf oan de Smerperwei stiet de Heidenske Kapel. De kapel stiet op it plak fan in yn 1880 ôfbrutsen kapel; de hjoeddeiske kapel waard yn novimber 2016 iepene.[1]
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de oarspronklike betsjutting fan de plaknamme is eins net in soad bekend. Der wurdt oannomd dat Smer ferwiist nei otter (Nederlânsk:etter) of kwea (swolm). De p soe komme fan in streamke dat hjir mooglik rûn hat, de p soe fan de wetteroantsjutting suffiks -apa wêze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |