Springe nei ynhâld

Slachdykstermûne

Ut Wikipedy
Slachdykstermûne
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Feinsum
koördinaten 53° 16' N 5° 44' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen Slachdyksterpolder
flecht 18 meter
boujier 1864
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24540
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Slachdykstermûne (Fryslân)
Slachdykstermûne

De Slachdykstermûne is in poldermûne en ryksmonumint oan de Feinsumer Feart yn it doarpsgebiet fan Feinsum.

De mûne waard yn 1864 boud foar it yn- en útmeallen fan de 1350 pûnsmiet (± 500 ha) grutte Slachdyksterpolder. Hy ferlear yn 1931 syn funksje oan in yn de mûne setten rauoaljemotor. Fjouwer jier letter waarden it wjukkekrús en de kape fuort helle, mar de romp fan de mûne bleau yn gebrûk as poldergemaal.

Yn 1985 waard de Slachdykstermûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Al langer besteande restauraasjeplannen koene lykwols pas útfierd wurde, nei't yn 2006 de provinsje Fryslân dêr € 60.000 subsydzje foar beskikber stelde. By it wer opbouwen fan de mûne waarden ûnderdielen brûkt fan de yn 1994 troch brânstifting foar it grutste part ferwoaste Kammingabuorstermole oan it Kealledykje by Ljouwert. De restaurearre Slachdykstermûne waard yn 2008 oplevere.

De Slachdykstermûne is in mealreeë muonts, dy't likernôch 750 meter bewesten Feinsum stiet. It is in houten achtkante en eiddutsen mûne út 1864 op stiennen fjildmuorren. De wjukken hawwe in flecht fan 18 meter en âld-hollânsk hekwurk.

Foar in besite oan de mûne kin in paad dat begjint yn Alde Leie oan de Leijester Hegedyk 29 folge wurde. Fan de Feinsumer kant begjint in paad yn 'e bocht fan 'e Goadyk by de sleat lâns nei de mûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: