Feinsumer Feart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Feinsumer feart is in wetter yn de gemeente Ljouwert, wêrfan't it eastlike trêdepart de grins mei De Waadhoeke foarmet. De feart rint fan 't Korenhofje noardeastlik fan Alde Leie oer Feinsum nei it easten en komt út yn de Dokkumer Ie by Bartlehiem. It ferlingde fan de feart is de Aldtsjerkster Feart. Oan de Feinsumer Feart stiet de Balkeneinstermûne út 1844. De Finkumer Feart is ûnderdiel fan de Alvestêntocht-rûte.

De namme Feinsumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Finkumervaart.