Skåne län

Ut Wikipedy

Skåne län
Provinsje
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Götaland
Lânskip Halland
Skåne
Koördinaten 56° 0′ NB 13° 27′ EL
Residinsjestêd Malmö
Landsting Regio Skåne
Oerflak 11.302 km²
  •  dêrfan wetter 333,2
Ynwennertal 1.344.689  (31-12-2017)
Befolkingstichtens 119 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Skåne län (letterlik: "Provinsje Skania") is de súdlikste provinsje fan Sweden en leit yn it lânsdiel Götaland. De haadstêd fan de provinsje is Malmö, mar it provinsjebestjoer hat ek kantoaren yn Kristiansand.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De provinsje hat 33 gemeenten (kommuner) mei yn totaal sa'n 1,3 miljoen ynwenners. Dat komt oerien mei 13% fan de folsleine Sweedske befolking.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen yn 2015 de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal
1 Malmö 301.706
2 Helsingborg 104.250
3 Lund 87.244
4 Kristiansand 39.762
5 Landskrona 32.229
6 Trelleborg 29.316
7 Ängelholm 27.500
8 Hässleholm 19.309
9 Ystad 18.806
10 Eslöv 18.592