Helsingborg
Helsingborg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Sweden |
Provinsje | Skånelân |
Gemeente | Helsingborg |
Sifers | |
Ynwennertal | 113.816 (2020) |
Oerflak | 38,41 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 2.529 / km² |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.helsingborg.se |
Helsingborg is de haadstêd fan de gemeente Helsingborg yn de provinsje Skânelân en it lânskip Skâne; dit binne de súdlikste provinsje en it súdlikste lânskip fan Sweden. Helsingborg hie 91.457 ynwenners yn 2005.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Helsingborg leit oan it smelste part fan de Sont, tsjin de Deenske stêd Helsingør oer. Der is in tige frekwinte fearferbining tusken beide stêden, mei in reistiid fan 20 minuten, net mear as in trem yn in grutte stêd. Helsingborg is in yndustryplak fan belang en hat de twadsgrutte haven fan Sweden. Besuden Helsingborg mûnet de rivier Råån yn de Sont út.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Helsingborg, oarspronklik in Deenske stêd, is ien fan de âldste stêden yn it Sweden fan no. Ut reden fan syn strategyske lizzing hat der in soad striderij om de stêd west.
De earste fernijing fan de stêd wie yn in oarkonde út 1085. Fan 1360 ôf oan stie de stêd ûnder ynfloed fan de Hânze. Oant 1658 wie de stêd Deensk en yn 1676 en 1677 op 'en nij. Letter waard de stêd oan Sweden oerdroegen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stortorget (gemeentehûs)
- Kärnan (toer)
- Park Slottshagen
- Jakob Hansen Hûs (fakwerkhûs)
- Mariakyrkan (tsjerke)
- Stedsmuseum
- Vikingsberg Keunstmuseum
Stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stedsdielen fan Helsingborg (Yndieling en ynwennertal op 1 jannewaris 2007)[1] |
||||||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Norr (3561) | 12 | Sintrum (3318) | 22 | Närlunda (1123) | |
2 | Mariastaden (2497) | 13 | Eneborg (3859) | 23 | Eskilsminne (1849) | |
3 | Ringstorp (2788) | 14 | Wilson Park (2043) | 24 | Gustavslund (2803) | |
4 | Berga (1694) | 15 | Rosengården (4417) | 25 | Planteringen (2673) | |
5 | Drottninghög (2808) | 16 | Husensjö (1603) | 26 | Elineberg (2138) | |
6 | Dalhem (4610) | 17 | Sofieberg (1607) | 27 | Ramlösa (4586) | |
7* | Tågaborg (7155) | 18 | Adolfsberg (4284) | 28 | Miatorp (2426) | |
8 | Stattena (2546) | 19 | Söder (3680) | 29 | Högasten (983) | |
9 | Fredriksdal (4236) | 20 | Högaborg (4083) | 30 | Ättekulla (3751) | |
10 | Slottshöjden (3548) | 21 | Fältabacken (962) | 31 | Råå (3022) | |
11 | Olympia (1847) | |||||
*Tågaborg bestiet statistysk út twa parten, op de kaart as 7a en 7b Tågaborg N (7a) och Tågaborg S (7b) oanjûn. |
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klimaattabel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moannetrochsneed | jan | feb | maa | apr | maaie | jun | jul | aug | sep | okt | nov | des |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Maksimum-trochsneed temperatuer | 2 | 4 | 6 | 12 | 16 | 19 | 21 | 22 | 18 | 12 | 6 | 3 |
Minimum-trochsneed temperatuer | -1 | -1 | 0 | 3 | 7 | 11 | 13 | 13 | 10 | 6 | 3 | 0 |
Delslach | 40.1 | 43 | 36.8 | 31.6 | 57.3 | 80 | 73 | 74.1 | 50.4 | 70 | 48.5 | 51.9 |
-
De noardhaven foar jachten
-
Trep nei de Kärnan, sintrum Helsingborg.
-
Tsjerke Sint Mary, sintrum Helsingborg
-
Boarneparkshotel, Ramlösa
-
Ramlösa mineraalwetter, boarne út 1707
-
De fearboat Hamlet op de Sont tusken Helsingborg en Helsingør
-
De midsiuwske toer Kärnan
-
Helsingborg fan de Kärnan ôf sjoen
Berne yn Helsingborg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hasse Alfredson, komyk
- Marianne Bernadotte, earder model en aktrise
- Elsa Collin, aktrise
- Dietrich Buxtehude (1637-1707), komponist (of faaks Bad Oldesloe)
- Sven Nordqvist (1946), skriuwer en yllustrator berneboeken
- Lars Vilks (1946), keunstner
- Gunnar Nilsson (1948 - 1978), Formule 1-koereur
- Stellan Skarsgård (1951), akteur
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Helsingborg fan Wikimedia Commons. |