Skriem om my
'Skriem om my' is in Frysktalich liet fan Carla de Bruine út 2020.
Steven de Jong bewurke Sleeping Sun út 1998 fan it Finske 'Nightwish' nei it Keltysk-Fryske Skriem om My foar it Grutte Pierprojekt. [1] It Grutte Pierprojekt wie in trijedielige film en musical oer it libben fan frijheidstrider Grutte Pier (1480-1520), fiifhûndert jier nei syn dea. [2]
Neidat it nûmer ynsong wie troch Carla de Bruine waard it bewurke troch Nico Outhuijse. Outhuijse mikste it nûmer en drumde it opnij yn. Boppedat helle hy der in tal muzikanten by, ûnder wa ein fluitist omdat Steven de Jong woe dat it Keltysk klonk. [3]
Skriem om my giet oer it ferlies fan in dierbere. It nûmer waard produsearre troch De Kast-drummer Nico Outhuijse.[4] It nûmer wie yn 2020 mei in alfte plak de heechste nijkommer yn de Fryske Top 100.[5]
Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Carla de Bruine – sang
- Johannes Adema – bas en moog
- Hubert Heeringa – strikers en fluit
- Rick Meijer – gitaren
- Nico Outhuijse – drums, perkusje, keys en eftergrûnsang
- Steven de Jong – Fryske tekst
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|