Oerlis:Sleeping Sun
Appearance
Skriem om my
[boarne bewurkje]Der is mei dit artikel wol in oerlapping ûntstien mei it artikel Skriem om my. FreyaSport (oerlis) 11 aug 2022, 21.31 (CEST)
- ...wêryn't sjongeres Tarja Turunen read har liket te hawwen.. Wat? Drewes (oerlis) 11 aug 2022, 22.18 (CEST)
- miskien moat ik der by sette "ta gefolch fan it ljocht". FreyaSport (oerlis) 12 aug 2022, 09.43 (CEST)
It liket my de baas om de tekst fan it selsstannige artikel Skriem om My mar ta te foegjen by de paragraaf Skriem om My op dizze side. Dan de leechhelle side even trochwize nei dy paragraaf.
Dat giet sa (foar it gefal dat jo dat net witte): #REDIRECT [[Sleeping Sun#Skriem om My]]. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 aug 2022, 23.26 (CEST)
- Dan sil ik dat dwaan, ik bin bekend mei trochferwizingen, mar ik woe it wurk fan in oar net daalks fuort dwaan. En ik seach it artikel Skriem om my ek pas op it stuit dat ik al hast klear wie mei myn stikje tekst. FreyaSport (oerlis) 12 aug 2022, 09.43 (CEST)
- @FreyaSport: Ja, dat is ferfelend, mar it komt foar. Ik tink dat it ús allegear wolris oerkommen is. My yn elts gefal wol. Mar as jo de hiele tekst fan 'e selsstannige side ynpasse yn jo paragraaf, dogge jo it wurk fan in oar net fuort, mar ferpleatse jo it allinne mar. As it goed is, bliuwt dan alle ynformaasje beholden, jo moatte wierskynlik allinne de formulearring fan in pear sinnen even wat oanpasse. Fierders fyn ik dat it hjir om ien liet giet, dat net mear as ien artikel hoecht te hawwen. Om't de Ingelsktalige ferzje it orizjineel is, liket it my foar de hân lizzend dat de side dêrnei neamd wurdt. In Fryske fertaling heart dêr nei myn miening sa sterk by, dat dy gjin selsstannich artikel fertsjinnet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 aug 2022, 23.02 (CEST)